Abraham "Abe" Cahan (Podberezhie, 7 july 1860 - New York City, 31 augustus 1951) wie in yn Litouwen berne Amerikaanske sosjalistysk kranteredakteur, skriuwer, en politikus.
Yn Litouwen die Cahan mei oan anty-tsaristyske aktiviteiten en flechte út eangst om arrestearre te wurden yn 1882 nei de Feriene Steaten. Dêr wurke er as sjoernalist en skreau artikels foar it Joadske Arbeiter Zeitung. Yn 1896 publisearre er de Ingelsktalige roman Yekl: it boek giet oer de ferneamde getto fan New York City, dêr't de sitewaasje fan Joadske ymmigranten op in naturalistyske wize yn behannele wurdt. De roman The Rise of David Levinsky (1917) hat dat ek as tema, it boek wurdt hjoed de dei beskôge as ien fan de grutste romans oer de ûnderfiningen fan ymmigranten yn de Feriene Steaten.
Op 22 april 1897 rjochte Cahan de Jiddyske krante Der Forverts (Ingelsk: The Forward) op, dy't syn heechtiden in oplage helle fan in kwart miljoen eksimplaren en is dêrmei de grutste net-Ingelsktalige krante yn de Feriene Steaten. Hjoed de dei ferskynt de krante noch hieltiten, yn it Ingelsk, Jiddysk en Russysk.
Tusken 1926 en 1931 publisearre er syn fiifdielige autobiografy.