Adriaan van Dis | ||
skriuwer | ||
Van Dis yn 2016 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 16 desimber 1946 | |
berteplak | Bergen oan See | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | novelle, roman, reisferslach | |
tema's | Nederlânsk-Ynje, Súd-Afrika, Migranten | |
útjouwer | Atlas Contact | |
prizen | sjoch tekst | |
jierren aktyf | 1983 - no | |
offisjele webside | ||
Hiemside Van Dis |
Adriaan van Dis (Bergen oan See, 16 desimber 1946) is in Nederlânsk auteur dy't yn 1983 debutearre mei de novelle Nathan Sid. De yn 1995 ferskynde roman Indische Duinen krige ek ferskate presizjeuze literêre prizen.
Van Dis is ek bekend as tillefyzjepresintator benammen fan syn eigen bekroande talkshow Hier is..... Adriaan van Dis, dy't útsjoerd waard fan 1983 oant 1992 en ferskaat oan súksesfolle telefyzjedokumintêres.
Der is diskusje oer de fraach oft Adriaan van Dis by de Indysk-Nederlânske letterkunde rekkene wurde moat. Hy is ommers net yn Nederlânsk-Ynje berne, mar syn wurk is tematysk wol besibbe oan dat fan auteurs as Marion Bloem, Eduard Douwes Dekker en Hella Haasse.