Agen Kolar personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | Zabrak | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | Jedi-master | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Mace Windu Yoda Saesee Tiin Kit Fisto Plo Koon | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 2002 |
Agen Kolar (útspr.: [ˈaːɡɛn koʊˈlɑɹ], likernôch: "aa-gen koo-lar") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in Jedi-master fan it bûtenierdske ras fan 'e Zabraks, en teffens in lid fan 'e Hege Jedi Ried, it bestjoer fan 'e Jedi Oarder. Agen Kolar waard yntrodusearre yn Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002). It personaazje waard yn dy film en yn it ferfolch Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) spile troch akteur Tux Akindoyeni.
Agen Kolar wurdt berne as in Iridoanske Zabrak op 'e planeet Coruscant, dêr't it regear fan 'e Galaktyske Republyk fêstige is. Omreden fan syn oanberne Krêftgefoeligens wurdt er al jong nei de Jedi Timpel ta brocht, it haadkertier fan 'e Jedi Oarder op syn thúswrâld, dêr't er oplaat wurdt ta Jedi-ridder. Agen Kolar ûntjout him meitiid ta in foaroansteande Jedi.
Yn 22 f.Sl.Y. brekt de Separatistyske Krisis út, wêryn't de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels him besiket ôf te skieden fan 'e Galaktyske Republyk. Dêrby wurde de Jedi Obi-Wan Kenobi en Anakin Skywalker en senator Padmé Amidala op 'e planeet Geonosis troch de Sith greve Dooku ta de deastraf feroardiele. Kolar nimt diel oan it gefjocht yn 'e Petranaki Arena wêrby't it trio befrijd wurdt. Hy oerlibbet de Earste Slach om Geonosis, mar syn padawan Tan Yuster wurdt deade troch in oarlochsandroïde. Neitiid fjochtet Kolar yn 'e Kloane-oarloggen as in generaal yn Grutte Leger fan 'e Republyk, dat bestiet út 'e kloansoldaten dy't Jedi-master Sifo-Dyas mear as tsien jier earder op Kamino besteld hat.
Tsjin 'e ein fan it konflikt, yn 19 f.Sl.Y., wurdt Kolar beneamd as lid fan 'e Hege Jedi Ried, it bestjoersorgaan fan 'e Jedi Oarder. Hy ferfangt dêr in oare Iridoanske Zabrak, Eeth Koth, dy't de rol fan 'e Jedi yn 'e Kloane-oarloggen langer net mear goedkrije kin mei de ideälen fan 'e Oarder. As lid fan 'e Hege Jedi Ried nimt Kolar diel oan riedplachtings dy't net inkeld oer de stân fan saken yn 'e oarloch geane, mar ek oer de fraach hoe't de Jedi oan moatte mei kânselier Palpatine. Dyselde hat himsels ûnder it mom fan 'e troch de oarloch feroarsake needsitewaasje nammentlik withoefolle bykommend foech ta-eigene en liket net ree om dêr frijwillich wer ôfstân fan te dwaan.
Anakin Skywalker bringt op in stuit it nijs dat de kânselier himsels oan him bekendmakke hat as Darth Sidious, de boasaardige Sith-master dy't it brein is efter alle tsjinrampen dy't yn 'e lêste desennia oer de Galaktyske Republyk kommen binne. Mace Windu, de lieder fan 'e Hege Jedi Ried, set mei Kolar en twa oare Jedi-masters, Kit Fisto en Saesee Tiin, nei it kantoar fan 'e kânselier ta om him te arrestearjen. Palpatine jout himsels lykwols net sûnder slach of stjit oer en der brânt in gefjocht mei de ljochtsabels los. Yn 'e earste pear sekonden fan dat gefjocht wit Palpatine fuortendaliks al Kolar en Tiin oer it mad te kommen en te deadzjen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |