Ambachtsskoalle

Ofdieling timmerjen, ambachtsskoalle Snits

De ambachtsskoalle wie oant likernôch 1968 in skoaltype yn Nederlân.

De ambachtsskoalle wie fan 1865 ôf de namme fan in groep fan skoallen foar deiûnderwiis. Der waard oplaat foar ambacht en yndustry. It skoaltype wie populêr by dejingen dy't earder nei de legere skoalle hast gjin mûglikheid hienen om fierder te learen. Mei de it ferlingen fan de learplicht hat de ambachtsskoalle in soad betsjutten foar de emansipaasje fan de arbeider en it ûnderwiisnivo yn Nederlân.

De Maatschappij voor de Werkende Stand stifte yn 1861 yn Amsterdam de earste ambachtsskoalle fan Nederlân. De ambachtsskoalle fersoarge technyske opliedingen foar jonges, wylst de húshâldskoalle op famkes rjochte wie.

Der wienen twa-, trije-, en fjouwerjierrige opliedingen. Yn gefal fan de fjouwerjierrige oplieding koe men ek nei trije jier fan skoalle ôf mei in tsjûchskrift.
De ambachtsskoalle late op ta smid, timmerman, meubelmakker en hûsskilder. Der koene ek kursussen koper-, lead- en sinkbewurkjen, elektrisiteitslear, auto-, motor- en fytsmakker folge wurde. De skoalle keas de opliedingen sa dat se oanslueten by it ferlet fan de takomstige arbeiders en wurkjouwers. Ek folwoeksenenûnderwiis waard jûn.

By de ynfiering fan de Mammoetwet op 1 augustus 1968, is de namme ambachtsskoalle feroare yn Legere Technyske Skoalle (lts), meast in fjouwerjierrige oplieding. Sûnt 1999 wie dit soarte ûnderwiis part fan it vmbo, benammen de op beroppen rjochte learwegen.

List fan ambachtsskoallen yn Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Plak Fan Oant Adres Bysûnderheden
Dokkum
De Gordyk 1949
Drachten 1909 1983 Suderstrjitwei/Wuitewei Yn 1983 is de skoalle fusearre mei de skoalle foar Leger Hûshâld- en Nijverheidsûnderwiis oan de Torenstraat en krige doe de nije namme Skoallemienskip foar leger beropsûnderwiis 'De Compagnons'
Harns 1918 Súdeastersingel, by de Houthaven
It Hearrenfean 1908 1984 Ferlinge Dracht, letter Boarg. Falkenawei sûnt 1962 'Technische School voor Heerenveen en omstreken'; Yn 1984 fúzje met de húshâldskoalle 'S.K. Hornstraskoalle'
Jobbegea 1933 P.W. Janssenwei 2
Ljouwert 1881 hoeke Wijbrand de Geest- en Jacob van Akenstrjitte
Ljouwert 1959 Cornelis Trooststrjitte kristlik; haaadgebou yn twa lagen oan de Cornelis Trooststrjitte, in praktijkfleugel oan de Breitnerstrjitte en een gymnastyklokaal oan de Dirk Boutstrjitte.
Snits 1903 1994 Kleasterstrjitte
Wolvegea Schaepmanstrjitte katolyk;