Amt Follenhove is in eardere gemeente yn de Kop fan Oerisel yn de Nederlânske provinsje Oerisel. De gemeente ûntstie yn 1818 doe't de gemeente Follenhove ôfspjalte waard yn Stêd en Amt Follenhove, besteande út it lânlik gebiet fan de stêd. De gemeente Follenhove waard yn 1811 foarme mei it gearfoegjen fan de stêd Follenhove en it Lân fan Follenhove. De gemeente Stêd Follenhove bestie allinnich út de stêd Follenhove, kreksa as by de sitewaasje fan foar 1811. De gemeente Amt Follenhove bestie út it doarp Sint-Janskleaster en de buorskippen Leeuwte (karspel), Barsbeek (karspel), Kúnderdyk en Baarlo. Fierder omfieme de gemeente noch de buorskippen Kadoelen, Zuurbeek, Heetveld en De Dune.
Yn 1942 waarden Stêd en Amt Follenhove fannijs gearfoege ta de nije gemeente Follenhove. Yn 1973 waard dy gemeente mei de gemeenten Bloksyl, Giteren en Wanneperfean gearfoege ta de gemeente Brederwiede, dy't yn 2001 mei de gemeenten Iselham en Stienwyk ta de nije fúzjegemeente Stienwikerlân gearfoege waard.
Amtstiidrek |
Namme boargemaster |
Partij of streaming |
Bysûnderheden
|
1823-1844 |
Jan Philips baron Sloet van Tweenijenhuizen |
|
wie tagelyk boargemaster fan de gemeente Bloksyl
|
1844-1845 |
mr. Willem Jan Carel Putman Cramer |
|
hy en al syn opfolgers wiene tagelyk boargemaster fan Stêd Follenhove
|
1845-1851 |
mr. Jan Arend Godert baron de Vos van Steenwijk |
|
|
1851-1859 |
mr. Gerardus Everhardus Vos de Wael |
|
|
1859-1885 |
Antonij Johan ten Cate |
|
waard boargemaster fan Amt Delden en van Stêd Delden
|
1885-1913 |
Anthony baron Sloet van Oldruitenborgh |
|
|
1914 |
C.A. Besier |
|
|
1914-1924 |
jhr. Constant Leopold Balthazar Willem van Suchtelen van de Haare |
|
|
1924-1926 |
jhr. Henri Beelaerts van Blokland |
|
|
1926-1940 |
mr. W.C. ten Kate |
CHU |
waard boargemaster fan Goes
|
1940-1942 |
mr. Frederik Reinhard Crommelin |
|
bleau boargemaster fan de fannijs foarme gemeente Follenhove
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|