Anselmus van Hulle, ek: Anselmus Hebbelijnck, Anselmus Hebbelynck, Anselm von Hulle, Anselmus von Hulle (Gint, 1601 - 1674/1694) wie in Flaamsk keunstskilder. Fan Hulle skildere foaral religieuze tafrelen en portretten en stie yn heech oansjen by de Jeropeeske hoven. Yn 1647 wurke er foar Prins Freark Hindrik fan Oranje dy't him nei Münster stjoerde foar it portrettearjen fan de ûnderhannelers fan de Frede fan Münster. Letter waard die hofskilder fan keizer Ferdinand III. Hy waard adele.
Anselmus van Hulle is doopt op 23 july 1601 yn de Sint-Baafsparochy yn Gint as soan fan Egidius fan Hulle. Peetheit wie Ancelmus Bede, peetmem Katharina fan Hulle. Hy troude op 14 desimber 1631 mei Livina fan Thuyne. Tegearre krigen se fjouwer bern, dy't allegearre doopt waarden yn Sint-Baafs:
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Anselm van Hulle fan Wikimedia Commons. |