Antologysearje

In antologysearje is in tillefyzjesearje of in rige radioprogramma's yn 'e foarm fan harkspullen, wêrby't eltse ôflevering of elts seizoen in selsstannich ferhaal befettet, mei ornaris per ôflevering in oare setting, in oare ferhaalline en oare personaazjes. De cast fan akteurs ferskilt meastal ek, mar guon antologysearjes út it ferline, lykas it Four Star Playhouse, hiene in fêste cast dy't eltse ôflevering oare rollen spile. Foar de kontinuïteit en om it publyk op wei te helpen, hawwe in protte antologysearjes in presintator dy't in ynliedend praatsje hâldt. Dy presintator is yn 'e measte gefallen de iennichste fêste meiwurker dy't yn byld komt.

De measte antologysearjes hearre ta sjenrefiksje, lykas dektektivefiksje, science fiction, fantasy en horror. Antologysearjes wiene benammen populêr yn 'e 1950-er en iere 1960-er jierren. It wurd "antology" komt út it Gryksk en betsjut safolle as "blomlêzing". Guon antologysearjes, lykas Studio One, begûnen as harkspullen op 'e radio en ûntjoegen har letter ta tillefyzjeprogramma's. Inkele foarbylden fan bekende antologysearjes binne Alfred Hitchcock Presents, The Twilight Zone en The Outer Limits.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.