Anáhuac

Anáhuac (útspr.: [aˈnawak], likernôch: "ah-nah-ûak") is in âlde oantsjutting foar it sintrum fan Meksiko. It is in wurd dat ôfkomstich is út 'e Azteekske taal (it Nahuatl), en dat "oan it wetter" betsjut, fan atl, "wetter" en nahuac, "by" of "oan" of "yn 'e neite fan". Anáhuac wurdt soms brûkt as in synonym foar de Delling fan Meksiko, in troch fulkanen omjûn plato fan 9.600 km² yn sintraal Meksiko dêr't de haadstêd Meksiko-Stêd leit. Sa stiet dat gebiet yn De Grote Bosatlas werjûn as it Plato fan Anáhuac.[1] Mar eins ferwiist Anáhuac spesifyk nei it súdlik-sintrale diel fan 'e Delling fan Meksiko, dêr't oan 'e letter troch de Spaanske kolonisators drûchleine Texcocomar it sintrum fan it Azteekske Ryk lei, te witten: de haadstêd Tenochtitlán.

Om't de Texcocomar al ier drûchlein waard, ûntstie letter betizing oer it begryp fan Anáhuac as toponym en hawwe guon histoarisy it foutyf oan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko of oan dy fan 'e Stille Oseaan pleatst. Noch wer letter ûntjoech Anáhuac him foar Azteekske aktivisten ta in symboal fan lânseigen Yndiaanske grutskens en nasjonalisme, sadat se de namme as in synonym foar Meksiko of foar hiel Amearika begûnen te brûken.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ——, De Grote Bosatlas, Grins, 2001 (Wolters-Noordhoff Atlas Producties), ISBN 9 00 11 21 004, kaart 162–163.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.