Arthur Japin | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Arthur Valentijn Japin | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 26 july 1956 | |
berteplak | Haarlim | |
wurk | ||
taal | Hollânsk | |
sjenre | Histoaryske roman | |
bekendste wurk(en) |
De zwarte met het witte hart (1997) De droom van de leeuw (2002) Een schitterend gebrek (2003) De overgave (2007) | |
jierren aktyf | 1996-no | |
offisjele webside | ||
Hiemside |
Arthur Valentijn Japin (Haarlim, 26 july 1956) is in Nederlânsk skriuwer en akteur, dy't foar syn roman Een schitterend gebrek yn 2004 de Libris Literatuer Priis krige. Japin syn romans en ferhalen hawwe faak in autobiografyske of histoaryske kearn.
Yn 2006 skreau er it boekewikepresint De grote wereld, dat yn in rekordoplage fan 813.000 stiks printe waard.
Japin woe yn syn bernetiid út en troch immen oars wêze. Bert Japin, syn heit, wie ûnder mear toanielresinsint en naam him mei nei it teäter. Dêr fielde er him thús. Op skoalle waard er narre en sawol lichaamlik as geastlik mishannele en hy siet yn in isolemint. Heit Japin die himsels te koart doe't Japin trettjin wie.[1] It pesten gie troch oant syn sechtjinde. It skeppen fan in fantasywrâld, de flecht út de realiteit (ek teäter), wie in middel om te oerlibjen.
Nei de middelbere skoalle keas er foar in fak dêr't er 'út en troch in oar wêze koe'.
Japin ferfear nei it gymnasium nei Londen, om in oplieding te folgjen oan de toanielskoalle, The School of Dramatic Arts. Werom yn Amsterdam studearre er twa jier Nederlânske Nederlandse taal- en letterkunde en stapte dêrnei oer nei de Lytskeunstakademy. Yn 1982 studearre er dêr ôf.
Hy spile rollen foar radio, film en telefyzje (bygelyks in tal byrollen yn de searje Flodder en de telefyzjerigen Goede tijden, slechte tijden en Onderweg naar morgen) en op it toaniel by ûnder oare Toneelgroep Centrum en de Teäteruny. Teffen song er yn in lytse rol by de Nederlânske Opera.
Yn 1987 joech Arthur Japin it aktearjen oer en begûn te skriuwen. Yn 1996 debutearre er mei Magonische Verhalen, dy't - lykas syn lettere boeken - útjûn waard troch De Arbeiderspers. Yn 1997 folge — as risseltaat fan 10 jier ûndersyk — De zwarte met het witte hart. Wilens skreau Japin ek senario’s, harkspullen en toanielstikken, dy't him ferskate literêre prizen opsmieten. Yn 2000 waarden in stikmannich Magonische Verhalen ferfilme. Yn maart 2002 ferskynde De droom van de leeuw, in mânske roman oer leafde en ferbylding. Een schitterend gebrek waard yn 2003 publisearre, dat it jier dêrop de Libris Literatuer Priis krige.
Japin wennet hjoed de dei yn de binnenstêd fan Utert, mei de Amerikaanske skriuwer Benjamin Moser [2] en Lex Jansen: syn partner en ek syn útjouwer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|