Van Schendel ferlear syn heit, luitenant-kolonel yn it Yndyske leger Charles George Henri François van Schendel, al op jonge jierren. Nei de hbs yn Amsterdam waard er ynearsten oplaat foar it toaniel, dêrnei foar it ûnderwiis. Hy wie dêrnei in skoft dosint yn Ingelân en learaar Ingelsk yn Nederlân. Nei in houlik fan trije jier ferlear Van Schendel syn earste frou; hy troude op 'en nij yn 1908, festige him as literator earst yn Ede en letter yn Sestri Levante, Italië, oant 1945.
Nei de befrijing fan Italië gong Van Schendel de strjitte op en krige dêr in harsensblieding. Fan dat stuit ôf wie er foar in part ferlamme. Hy waard nei Nederlân ferfierd, mar bleau omkwakkeljen mei syn sûnens en hy stoar yn 1946 yn Amsterdam.
Arthur van Schendel krige postúm de earste P.C. Hooftpriis (1947) takend foar syn proaza.
Syn soan, ek Arthur F.E. fan Schendel (1910-1979) hjitten, wie haaddirekteur fan it Ryksmuseum Amsterdam; syn pakesizzer, ek in Arthur fan Schendel, wie jierren oanien direkteur fan it Amsterdamske UitBuro en haad Kommunikaasje fan de gemeente Amsterdam.
Hans Anten, Wilbert Smulders, Joke van der Wiel, Nawoord. Yn: Hans Anten, Wilbert Smulders, Joke van der Wiel (ed.), Arthur van Schendel, Drie Hollandse romans. De waterman, Een Hollands drama, De grauwe vogels. Amsterdam, 2010, s. 495-552.
Beschouwingen over Arthur van Schendel, Amsterdam, 1976 ISBN 90-290-0803-2
Henk Buurman, Over Een Hollands drama van Arthur van Schendel, Amsterdam, 1979 ISBN 90-6287-874-1
Henricus Petrus Antonius van Eijk, Mededelingsvormen bij Arthur van Schendel. Een stilistisch onderzoek, Assen, 1965 (proefskrift)
G.H. 's-Gravesande, Arthur van Schendel. Zijn leven en werk, Amsterdam, 1949