Attractiepark Slagharen

Attractiepark Slagharen
  ferdivedaasjepark
Attractiepark Slagharen (2006)
Attractiepark Slagharen (2006)
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Hardenberg
plak Slagharen
adres Zwarte Dijk
koördinaten 52° 37' NB, 6° 33' EL
bysûnderheden
type Attraksjejepark
eigner Parques Reunidos
iepen 3 juny 1963
oerflak 83 ha
attraksjes 35
achtbanen 2
wetterattr. 4
wurknimmers 1.000
skiednis
hist. namme Shetland Ponypark Slagharen,
Ponypark Slagharen
gebou
boujier 1963
offisjele webside
Webstee Attractiepark Slagharen
kaart
Attractiepark Slagharen (Oerisel)
Attractiepark Slagharen
Lokaasje Attractiepark Slagharen

Attractie- & Vakantiepark Slagharen is in attraksjepark en fakânsjepark yn Slagharen yn de provinsje Oerisel. It park bestiet sûnt 1963 en hjitte oarspronklik "Shetland Ponypark Slagharen".[1]

It park telt mear as 30 attraksjes, wêrûnder 2 achtbanen. En bestiet út twa parten, dy't ûnderling ferbûn binne troch in haadstrjitte mei winkels en restaurants. Dizze haadstrjitte wurdt "Mainstreet" neamd.

Yn it súdlik part is de yngong en hjir steane attraksjes as "Apollo" in sweefmûne yn de foarm fan de moanne, "Enterprise" In grutte rûndraaiende skiif dêr 't oan de sydkant gondels befêstige binne. en de "Free Fall" In 40 meter hege frijefaltoer. Yn it noardlike part stiet de grutte achtbaan "Gold Rush", "Red Bandits Adventure" in attraksje mei boatsjes yn it tsjuster, dy't yn it plak kaam fan de jierrenlang opfierde Wild West Show. Yn dit part stiet ek de nôtmûne de Pionier út boujier 1859. In frijwillige mûnder soarget der foar dat de mûne noch regelmjittig draait.

In kabelbaan mei twa stasjons ferbynt it noardlike en súdlike part fan it park. Dêrneist rydt der in monorail troch it hiele park, mar dizze hat sûnt 2015 noch mar ien stasjon, dizze stiet yn it súdlike part fan it park.

By it attraksjepark Slagharen heart in fakânsjepark, dit park bestiet út steancaravans en bungalows. In oar part fan it fakânsjepark hjit "Wigwamwereld Slagharen" en hjir steane wigwamtinten. Sûnt 2002 is der njonken de "Wigwamwereld" ek in kemping.

Earste achtbaan mei in fertikale looping

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jierrenlang wie achtbaan "Thunder Loop" ien fan de ikoanen fan it attraksjepark. In stielen achtbaan dy't yn 1979 iepene waard. De baan hie in lingte fan 592 meter, in maksimale hichte fan 24,5 meter, en in looping. By in rit yn de achtbaan, dy't in minút en 42 sekonden duorre, berikte de trein in maksimale faasje fan 77 kilometer yn it oere. It wie de earste achtbaan ea mei in fertikale looping yn Nederlân. By in keuring tusken it simmer- en winterseizoen yn 2014 waard de achtbaan ôfkard. It wie de bedoeling om de achtbaan foar it nije pretparkseizoen, dat úteinset ein maart 2015, al wer operasjoneel te krijen, de baan waard yn de hjerst fan 2016 demontearre. Yn 2017 kaam de ferfanger fan de "Thunder Loop" de "Gold Rush" ree.

Ferneamde attraksjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Namme Iepene Opm.
Apollo 1980 In sweefmûne, mei skommels befêstige oan in ring dy't om in grutte moanne draait.
Ripsaw Falls 1992
Big Wheel 1980 In reuzerêd fan 50 meter heech.
Enterprise 1977
Free Fall 2003 In frijefaltoer fan 40 meter.
El Torito 1973 Renovearre yn 2016
Gold Rush 2017 Gold Rush ferfangt yn 2017 Thunder Loop, de ferneamde achtbaan út 1979

Ferdwûne ferneamde attraksje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Namme Iepene Ofbrútsen Opm.
Thunder Loop 1979 2016 By in keuring tusken it simmer- en winterseizoen yn 2014 waard de achtbaan ôfkard.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL