Auke Zijlstra

Auke Zijlstra

Auke Zijlstra (De Jouwer, 1 novimber 1964) is in Nederlânsk politikus út namme fan de PVV.

Zijlstra hat ûnder mear wurke as ICT-projectmanager. Fan 2003 oant 2010 wie hy beliedsmeiwurker op it Ministearje Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes.[1] Sûnt 2010 wie hy meiwurker fan de PVV-fraksje yn it Europeesk Parlemint.

Zijlstra wie yn 2006 en 2010 kandidaat-Twadde Keamerlid foar de PVV, yn 2006 as alfte en yn 2010 op it 26e plak op de kandidatelist.

Zijlstra stie yn 2009 by de ferkiezingen foar it Europeesk Parlemint op it seisde plak fan de kandidatelist fan de PVV foar it Europeesk Parlemint en foel dêrmei bûten de direkt ferkeazenen. Doe't Daniël van der Stoep yn augustus 2011 it Europeesk Parlemint ferliet, wie Zijlstra de earste opfolger.[2] Hy waard beneamd op 8 septimber 2011.

By de Europeeske Parlemintsferkiezings fan 2014 stie Zijlstra op it fyfte plak fan de kandidatelist fan de PVV, wat lykwols wer net genôch wie om direkt keazen te wurden. Hjirnei waard hy wer meiwurker fan de Europeeske fraksje. Nei it ferstjerren fan Hans Jansen op 5 maaie 2015 waard Zijlstra, dy't doe yn Ridderkerk wenne, op 1 septimber 2015 as dy syn opfolger beneamd as lid fan it Europeesk Parlemint.

By de Europeeske Parlemintsferkiezingen fan 2019 stie Zijlstra op it tredde plak fan de kandidatelist fan de PVV, wat net genôch wie om fannijs keazen te wurden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. www.parlement.com
  2. Wilders: Zijlstra volgt Van der Stoep op Brabants Dagblad, 18 augustus 2011