Bail Organa

Bail Organa
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje minske (Alderaansk)
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt politikus, kening
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Leia Organa
Padmé Amidala
Mon Mothma
geastlike heit George Lucas
ûntstean 2002

Bail Organa (folút: Bail Prestor Organa) is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in politikus ôfkomstich fan 'e planeet Alderaan, dy't yntrodusearre waard yn 'e film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002). De rol fan Organa waard fertolke troch akteur Jimmy Smits.

It personaazje fan Bail Organa kaam yn 'e Star Wars-franchise foar it earst foar yn inkele sênes út Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999), it earste diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy, dy't lykwols by de montaazje fan dy film fuortknipt waarden. Yn dy sênes waard Organa spile troch akteur Adrian Dunbar. Letter waard it personaazje fan Dunbar retcond ta in oar personaazje mei de namme Bail Antilles.

It publyk krige Bail Organa foar it earst te sjen yn 'e film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), wêryn't de rol fertolke waard troch Jimmy Smits. Deselde akteur kroep op 'e nij yn 'e hûd fan Organa foar de films Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) en Rogue One: A Star Wars Story (2016). Yn 'e tekenfilmsearjes Star Wars: The Clone Wars en Star Wars: Rebels hie it personaazje fan Organa yn inkele ôfleverings in gastrol, wêrby't de dialooch ynsprutsen waard troch stimakteur Phil LaMarr.

Fiktive biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bail Organa wurdt berne op 'e planeet Alderaan, ien fan 'e Kearnwrâlden fan it Stjerrestelsel, as Bail Prestor. As jongeman komt er yn 'e kunde mei kroanprinsesse Breha Organa, út it Keninklik Hûs Organa fan Alderaan. Hja reitsje fereale en trouwe mei-inoar, wêrby't Bail de efternamme fan syn frou oannimt. As Breha op op 'e troan komt en keninginne fan Alderaan wurdt, kriget Organa de titel fan kening, hoewol't syn frou regearret en hy dus eins in prins-gemaal is. Dêrnjonken is er lykwols ek ûnderkening fan Alderaan, oftewol pleatsferfanger foar syn frou.

Organa giet al jong yn 'e polityk en nei't Breha keninginne wurden is, fertsjintwurdiget er Alderaan yn 'e Galaktyske Senaat op Coruscant as senator. Dêr is er yn 'e lêste jierren fan 'e Galaktyske Republyk in ynfloedrike stim foar frede en in foaroansteand lieder fan 'e faksje dy't krewearret om 'e ideälen fan 'e Republyk, lykas demokrasy en rjochtfeardichheid, heech te hâlden.

Under de Kloane-oarloggen wurket Organa gauris gear mei lykstimde senators, lykas Padmé Amidala fan Naboo en Mon Mothma fan Chandrila, yn syn besykjen om 'e boargeroarloch tusken de Republyk en de separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels (KUS) del te bêdzjen en in freedsume oplossing foar it konflikt te sykjen troch diplomasy. Hy is in tsjinstanner fan wetsfoarstellen foar it opfieren fan 'e produksje fan kloansoldaten foar it Grutte Leger fan 'e Republyk en it takennen fan mear foech oan kânselier Palpatine.

Organa is fierders de driuwende krêft efter Flechtlingekonferinsje fan Alderaan, in oerlis op topnivo oer de opfang fan 'e flechtlingen dy't de wyk nimme moatten hawwe foar it oarlochsgeweld. Inkele kearen rekket Organa aktyf yn 'e Kloane-oarloggen behelle, lykas wannear't syn humanitêre helpmisje nei de planeet Christophsis oanfallen wurdt troch de separatisten, of wannear't er mei humanitêre help foar de bewenners fan Ryloth troch de blokkade hinne brekt dy't de KUS om dy planeet hinne ynsteld hat.

Oan 'e ein fan 'e Kloane-oarloggen hellet kânselier Palpatine de Galaktyske Republyk ûnder fuotten en rjochtet yn it stee dêrfan it Galaktysk Keizerryk op mei himsels as autokratysk regearjend keizer. By de steatsgreep wit Organa Coruscant libben en wol te ûntflechtsjen. Nei't Padmé Amidala yn it kreambêd ferstoarn is nei befallen te wêzen fan in twilling, jout de Jedi-master Yoda it famke, Leia, oan Organa, wylst it jonkje, Luke, troch de Jedi-master Obi-Wan Kenobi earne oars ferburgen wurdt. It wurdt nammentlik fan it heechste belang achte dat de heit fan 'e bern, de ta de tsjustere kant fan de Krêft ferfallen Jedi-ridder Anakin Skywalker, dy't no de Sith-ridder Darth Vader wurden is, net fan it bestean fan syn soan en dochter ôfwit. Organa nimt Leia mei nei Alderaan, dêr't hy en Breha de poppe foar har eigen oannimme.

Under it Keizerryk behâldt Organa syn sit yn wat no de Keizerlike Senaat hjit, mar hy moat tige hoeden operearje om net de oandacht fan 'e keizer en syn neiste trewant Darth Vader te lûken. Yn it djipste geheim binne hy en Mon Mothma behelle yn 'e tarieding foar in fersetsbeweging dy't in iepen opstân tsjin it skrikbewâld fan 'e keizer begjinne sil. Dêrby hat Organa benammen de rol fan finansier. Meitiid folget syn dochter, prinsesse Leia, yn syn fuotleasten. Hja folget Organa op as senator foar Alderaan en is teffens by it Rebelleferbûn belutsen.

De lêste kear dat Organa syn oannommen dochter moetet, jout er har opdracht om 'e ûnderdûkte Jedi-master Obi-Wan Kenobi op te spoaren en om help te freegjen, wylst er sels nei Alderaan giet om 'e planeet op oarloch ta te rieden. Dêrmei is er lykwols te let, want Alderaan wurdt (sa't te sjen is yn Star Wars: Episode IV – A New Hope út 1977) koart dêrnei ferdylge troch de Deadsstjer, it nije massaferneatigingswapen fan 'e keizer, wêrby't Organa, syn frou Breha en alle oare miljarden bewenners fan 'e planeet omkomme.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono