Banneux

Banneux
Bestjoer
Lân Belgje
Gewest Walloanje
Gemeente Sprimont
Oar
Postkoade 4141
Koördinaten 50° 32' 31" N 5° 44' 23" E
Offisjele webside
Side fan Banneux

Banneux (ek: Banneux Notre-Dame) is in doarp by Louveigné tusken Luik en Spa yn 'e gemeente Sprimont yn de Belgyske provinsje Luik.

Banneux is rûnom by katoliken ferneamd fanwegen de Marijebeafeart. Dy ûnstie yn 1933 nei't it tolvejierrige famke Mariette Beco (1921–2011) sei dat hja tusken 15 jannewaris en 2 maart fan dat jier achtris Marije sjoen hie. De Hillige Jongfaam soe har bekend makke ha as de Vierge des Pauvres (Jongfaam fan de Earmen) en frege by ien fan de ferskinings it famke in kapel te bouwen. Dy kapel waard itselde jier yn de foartún fan it hûs fan de famylje Beco op it plak fan it ferskinen fan Marije boud.

In biskoplike kommisje ûndersocht tusken 1935 en 1937 de ferklearring fan Mariette Beco. Sûnt 1948 waard útein set mei de bou fan in basilyk. Op 19 maart 1942 joech biskop Kerkhofs fan Luik de tastimming om Us Leaffrou fan Banneux te ferearjen en op 22 augustus 1949 folge de befêstiging fan it boppenatuerlike karkater fan de ferskinings. It Fatikaan folge yn 1952.

Mariette Beco boaske letter en krige in ienfâldige hûshâlding. Wylst waard Banneux in drokbesocht beafeartsplak. Alle jierren bringe sa'n 500.000-700.000 pylgers in besite oan Banneux, fral út Belgje sels en Dútslân en Nederlân en it is ien fan de meast besochte plakken yn Walloanje. Oan in boarne, dy't troch Marije oan Mariette oanwiisd wie, wurdt in genêskrêftige wurking taskreaun. Njonken in prosesjepark binne der ek in soad hoarekasaken en winkels dêr't religieuze saken ferkocht wurde.

Paus Jehannes Paulus II besocht it plak yn 1985. Yn 2008 waard it 75-jierrich jubileum fierd.

Yn juny 2005 waard yn de kapel brân stifte en yn april 2008 binne der acht metalen krusen stellen. Alle dagen wurdt de Hillige Misse lêzen, wurde siken segene, is der romte foar stille oanbidding, bycht en it bidden fan de roazekrâns. Ek binne der aktiviteiten foar bern en jongerein.