Bas van de Goor

Bas van de Goor
sporter
Bas van de Goor (2010)
Bas van de Goor (2010)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sebastiaan Jacques Henri van de Goor
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 4 septimber 1971
berteplak Oss
lingte 2,09 m
sportive ynformaasje
sport Follybal
O.S. Atlanta 1996,
Sydney 2000
karriêre-ein 2005
wichtige prestaasjes
1x goud Olympyske Spullen 1996
1x goud EK 1997

Sebastiaan Jacques Henri (Bas) van de Goor (Oss, 4 septimber 1971) is in eardere Nederlânsk follyballer, dy't ta de meast súksesfolle follyballers fan Nederlân beheart.

Van de Goor, 2,09 meter lang, spile as middenman. Hy spile yn de Nederlânske en Italjaanske kompetysje en wûn in protte prizen. Yn de klupkompetysje hat er ûnder oare trijeris de Champions League wûn. Ek wûn er de gouden medalje op Simmerspullen fan 1996. Ek die Van de Goor mei oan de Simmerspullen fan 2000, doe waard er mei de ploech fiifde fan de tolve dielnimmende lannen. Hy makke syn debút yn de Nederlânske kompetysje yn 1989 en moast syn karriêre beëinigje troch blessures yn 2005. Yn totaal hat Van de Goor 295 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech. De âld-follyballer spile sechstjin jier op it heechste nivo: acht jier foar Dynamo en acht jier foar de Italjaanske klups Modena en Sisly Treviso. Dêrfoar spile er yn Oss by Ovocio, dêr't er as jeugdspiler begûn en ta de 3e difyzje kaam yn de earste ploech.

Nei syn aktive karriêre waard Van de Goor technysk direkteur by follybalklup Piet Zommers/Dynamo yn Apeldoarn. Nei't er sân moannen dy funksje hân hie, stapte er yn begjin febrewaris 2006 direkt op. It management fan de earedifyzjeklup hat syn ûntslach oanfurdige. De technyske saken by Dynamo binne troch Paul van Sliedrecht oernommen en eardere teammanager Frans de Jong waard ferantwurdlik foar de algemiene saken. Van de Goors reden foar syn fertrek is dat er merkte dat er te fluch fan spiler nei in managementsfunksje oerstapt is.

Syn jongere broer Mike van de Goor wie ek in súksesfol beropsfollyballer.

Bas van de Goor hat diabetes en is direkteur fan de Bas van de Goor foundation. Dy hat as missy om de kwaliteit fan libjen foar minsken mei diabetes te ferheegjen troch middel fan sport. De Bas van de Goor foundation wil minsken mei diabetes ynformearje oer de positive effekten dy't de sport foar harren hat. Dêrneist is Van de Goor ambassadeur fan it Diabetes Fonds.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: