De beardieren of beareftigen (Latynske namme: Ursoidea) foarmje in boppefamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), it ûnderskift fan 'e hûndieren (Caniformia) en it tuskenskift fan 'e poalrôfdieren (Arctoidea). Yn dizze taksonomyske groep is de libbene famylje fan 'e bearen (Ursidae) gearbrocht mei de útstoarne Hemicyonidae. Yn totaal omfiemet dizze boppefamylje 8 libbene soarten, dy't fan natuere op alle wrâlddielen foarkomme, útsein Antarktika en Oseaanje.
- boppefamylje beardieren of beareftigen (Ursoidea)
|