Bert Roach | ||
akteur | ||
Roach yn The Black Bag (1922) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 21 augustus 1891 | |
berteplak | Washington, D.C. | |
stoarn | 16 febrewaris 1971 (79 jier) | |
stjerplak | Los Angeles | |
jierren aktyf | 1914-1951 | |
offisjele webside | ||
yn de Internet Movie Database |
Bert Roach (Washington, D.C., 21 augustus 1891 – Los Angeles, 16 febrewaris 1971) wie in Amerikaansk filmakteur. Hy die mei oan 327 films tusken 1914 en 1951.
Bert Roach begûn syn aktearkarriêre as toanielspiler mei 17 jier yn New York City. Hy wie haadrolspiler yn muzikale komeedzjes lykas Louisina Lou en trede op as tenorsjonger. Yn 1914 begûn er syn filmkarriêre yn 'e Keystone Studios fan Mack Sennett. Mei syn oergewicht en in te grutte snor yn guon fan syn rollen krige er it tige drok as filmkomyk, benammen yn koarte filmkomeedzjes, mar sûnder in grutte bekendheid te krijen. Yn Sennett syn komeedzje Yankee Doodle opfierd yn Berlyn, in Amerikaanske oarlochspropagandafilm yn it ramt fan de Earste Wrâldoarloch, ferskynde Roach as Paul von Hindenburg.
Yn de jierren tweintich fan de 20e iuw wie Roach ek yn ûnderskate lange stomme films te sjen yn wichtige byrollen, mear as ien kear as in joviale en komyske freon fan de haadpersoan - it meast bekend wol as in kollega en maat fan de tragyske haadpersoan yn de klassiker A Man of the Masses fan King Vidor. Yn tsjinstelling ta in soad kollegas fan de stomme film wist Roach ein fan de jierren tweintich de sprong nei de talkies te meitsjen, mar yn de rin fan de jierren tritich en fjirtich waarden de rollen hieltyd lytser en minder wichtich. As besoarge keamergenoat fan Leon Ames syn personaazje yn 'e horrorfilm Murder in the Rue Morgue, mei Bela Lugosi, hie Roach ien fan syn ferneamdste optredens yn in lûdsfilm. Ferskate kearen waard er yn lytse rollen cast as in komyske sûper.
Hy wie boaske oan Gladys Marie Johnson.
In kar:
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bert Roach fan Wikimedia Commons. |