Betty de Boer

Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


De Boer (links) op wurkbesite by ProRail, 2013

Bregtje Grietje (Betty) de Boer (Surhústerfean, 2 septimber 1971) is in politika foar de VVD. Se is sûnt de parlemintsferkiezings fan 2010 lid fan de Twadde Keamer.

De Boer gie nei de middelbere skoalle yn Drachten en studearre bestjoerswittenskippen oan de Ryksuniversiteit Grins. Dêrnei wurke se foar ferskillende gemeentes en bedriuwen. Yn 2004 begûn se in eigen advysburo, rjochte op MKB en oerheid. Yn 2002 waard De Boer foar de VVD keazen ta lid fan de gemeenteried fan de stêd Grins. Se rjochte har op romtlike oardering en ferkear en ferfier. Yn 2006 folge se Remco Kouwenhoven op as fraksjefoarsitter. De Boer wie lid fan de riedskommisjes foar Finânsjes & Feilichheid en Romte & Wenjen. Fierders siet se yn de rekkenkeamerkommisje.

Op 9 juny 2010 waard Betty de Boer keazen ta lid fan de Twadde Keamer.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: