Biggs Darklighter personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | piloat | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Luke Skywalker Wedge Antilles generaal Jan Dodonna | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1976 |
Biggs Darklighter is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in piloat fan it Rebelleferbûn dy't ôfkomstich is fan 'e planeet Tatooine, en in jeugdfreon fan haadpersoan Luke Skywalker. Biggs Darklighter waard yntrodusearre yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film. It personaazje waard yn dy film, Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977), spile troch Garrick Hagon.
Biggs Darklighter ferskynt yn 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977) koart yn 'e Slach by Yavin, de klimaktyske oanfal fan it Rebelleferbûn op 'e Deadsstjer. Dêryn is er in piloat (koadenamme: Read Trije) fan in X-wjukjager fan Squadron Read. Mei in oare piloat, Wedge Antilles, besiket er Luke Skywalker ôf te skermjen foar oanfallen fan 'e fijân wylst Luke risselwearret foar it presysjeskot dat de Deadsstjer ferneatigje moat. It tastel fan Biggs wurdt ûnder fjoer nommen en ferneatige troch Darth Vader yn syn TIE-jager, wêrby't Biggs omkomt.
Yn it senario foar de film wie de rol fan Biggs gâns grutter, en itselde jildt sadwaande foar de ferboeking Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker (1976), dy't basearre waard op it senario. Dêryn wurdt dúdlik dat Biggs eins in jeugdfreon fan Luke is, en krekt as Luke fan 'e planeet Tatooine komt. Luke, Biggs en guon oare freonen moetsje inoar te Tosche Station op Tatooine, wêrby't Biggs Luke op in stuit yn fertrouwen nimt en fertelt oer syn plannen om him by it Rebelleferbûn te jaan. In lettere sêne, wêryn't Biggs Luke begroetet as dy nei syn ommelânske reis einlings op 'e moanne Yavin-IV arrivearret, borduerret op harren eardere freonskip fuort en mist dêrom ek út 'e film. Yn dyselde sêne bringt Biggs Luke yn 'e kunde mei de lieder fan Squadron Read, Garven Dreis, by wa't er Luke oanpriizget as "de bêste plattelânspiloat út 'e Bûtenrâne [fan it Stjerrestelsel]". Dizze sêne waard reyntrodusearre yn 'e special edition fan A New Hope út 1997.
Oer Biggs wurdt fierder útwreide yn 'e no net mear as kanonyk beskôge strip Darklighter, in ûnderdiel fan 'e fjouwerdielige rige Star Wars: Empire, dy't yn 2002 útbrocht waard troch útjouwerij Dark Horse Comics. Neffens dat ferhaal is Biggs fan bern ôf oan befreone mei Luke, mar ferlit er Tatooine om piloat te wurden by de striidkrêften fan it Galaktysk Keizerryk. Under syn training, heart er fan 'e oare piloaten yn oplieding geroften oer de Deadsstjer. Nei't er syn training trochrûn hat, wurdt er stasjonearre op it Keizerlike romteskip de Rand Ecliptic, yn 'e mande mei in âlde fijân, Derek "Hobbie" Klivian.
As er koart mei ferlof giet nei Tatooine, praat er tsjin syn famylje en freonen hûndert-út oer syn nije posysje, mar inkeld Luke nimt er yn fertrouwen oer syn djipste gefoelens. Hy fertelt dat de berjochten oer it bestean fan in massaferneatigingswapen as de Deadsstjer him derfan oertsjûge hawwe dat it Keizerryk kwea is en dat er fan doel is him by it Rebelleferbûn te jaan. Werom op syn post makket Biggs plannen om út te piken, net wittende dat ferskate oare bemanningsleden der krekt sa oer tinke as hy en ek fan doel binne om oer te rinnen nei de rebellen. Ien fan dyselden is Hobbie, mei wa't Biggs úteinlik de lapen gearsmyt. Tegearre witte se fuort te kommen en jouwe se har by de rebellen op Yavin-IV.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |