Birgitta Jónsdóttir

Birgitta Jónsdóttir (2015)

Birgitta Jónsdóttir (Reykjavik, 17 april 1967) is in Yslânsk keunstnares, dichteresse, skriuwster, ynternetpionier, aktiviste en lid fan de Alþing (parlemint fan Yslân) foar de Boargerbeweging dêre. Jónsdóttir treedt ek faak op as wurdfierster fan WikiLeaks, de webside foar klokkelieders.

Birgitta Jónsdóttir wenne yn Denemark, Sweden, Noarwegen, Ingelân, Feriene Steaten, Austraalje en Nederlân en is no wer werom yn Yslân. Yn 1989 waard har earste gedichtebondel publisearre. Har poëzy is yn tolve talen oerset. Har keunst waard útstald yn ûnder de Feriene Steaten, Aazje en Europa.

Birgitta organisearre mei in tal oare keunstners en dichters fan Yslân de manifestaasje Keunst tsjin oarloch dêr't sy mei protestearren tsjin de kriich yn Irak. Yn 1996 rjochte hja de earste online keunstgalery fan Yslân op.

Yn 2010 wie sy belutsen by it projekt Icelandic Modern Media Initiative, dat it inysjatyf naam foar de wet mei deselde namme, dy't de frijheid fan ynformaasje, frije mieningsutering en frijheid fan ekspresje beskermje wol.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]