In blind date (Ingelsk foar "blyn ôfspraakje"; útspr.: [bla:i̭nd de:t], likernôch "blaaind deet") is in ôfspraakje tusken minsken dy't inoar foartiid net met of sjoen hawwe. In blind date kin ta stân komme mei help fan wjerssidige freonen of kunde, of troch it wurk fan in relaasjebemiddelingsburo. Ek kin men sels beslute ta it oangean fan in blind date mei immen dêr't men op in ynternetfoarum, yn in chatbox of op in dating- of netwurksite mei yn 'e kunde kommen is, of dêr't men fia tillefoan of e-mail mei yn oanrekking kommen is. In ôfspraakje kin dan fia in tillefoanpetear, sms, e-mail of it ynternet regele wurde. Trochdat der tsjintwurdich gruttere technologyske mooglikheden besteane om mei wyldfrjemde minsken yn kontakt te kommen, binne blind dates no in folle algemiener foarkommend ferskynsel as foarhinne.
Datinghânliedings advisearje om by in blind date net út iten te gean, mar ôf te praten op in plak dêr't in protte folk komt, mar dêr't dochs rêstich in petear fierd wurde kin, en dêr't wat te sjen of te belibjen falt dat ta ûnderwerp fan dat petear tsjinje kin. Foarbylden kinne wêze in tentoanstelling, in botanyske tún of in priuwerij.
It wurdt sterk oanret om foarôfgeande oan in blind date beskate foarsoarchsmaatregels te nimmen. Sa is it perfoarst gjin goed idee om daliks by in wyldfrjemd thús ôf te praten. Ynstee is it ferstannich om immen op 'e hichte te stellen fan 'e blinde date en fan it plak dêrfan, en mooglik sels te soargjen dat dy persoan yn 'e buert is om eventueel needhelp te jaan. Nim yn alle gefallen in mobile tillefoan mei.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |