Boris Grigorjev

Boris Grigorjev - selsportret

Boris Grigorjev (Rybinsk, 11 july 1886Cagnes-sur-Mer, 7 febrewaris 1939) wie in Russysk skilder en skriuwer.

Grigorjev studearre fan 1903 oant 1907 oan de Stroganov Keunsthegeskoalle en letter oan de Keizerlike Keunstakadeemje yn Sint-Petersburch, ûnder oaren by Abram Archipov en Dmitri Kardovski. Yn 't earstoan fielde er wol wat foar de Mir Iskoesstva-beweging (´Wrâld kan de Keunst´) en yn 1909 hie er útstallingen as lid fan de 'Uny fan ympresjonisten'. IYn dy tiid skreau er el literêr wurk, ûnder oaren de roman Jonge Strielen en it gedicht Amearika.

Grigorjev wenne koart foar de Earste Wrâldkriich in skoft yn Parys, dêr't er de Académie de la Grande Chaumière besocht. Hy waard tige beynfloede troch Paul Cézanne.

Doe't er yn 1913 werom wie yn Sint-Petersburg, socht er oansluting by de lokale ´Bohème´ en rekke befreone mei ûnder oaren de bekende dichters Velimir Chlebnikov en Anna Achmatova, waans portretten er skildere hat.

Fan 1916 oant 1918 joech Grigorjev him del op it plattelân en skildere ferskate wurken mei it boerelibben as ûnderwerp. Sy skilderijen út dy perioade waarden priizge troch Alexandre Benois, dy't hawwe woe dat Grigorjev yn syn wurk de essinsje fan it Russyske libben rekke.

Yn 1919 ferliet Grigorjev de Sovjet-Uny en wenne dêrnei yn in protte lannen, sa as Finlân, Dútslân, Frankryk, de Feriene Steaten en Midden- en Súd-Amearika. Wat literatuer oanbelange luts er yn 1934 de oandacht mei syn epysk gedicht 'Ruslân' (Расея), in weromsjen op syn Russyske tiid op it plattelân, publisearre yn it Amerikaansk-Russyske deiblêd 'Novoye Russkoye Slovo'.

Grigorjev stoar yn de âldens fan 52 jier.


Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Boris Grigoriev fan Wikimedia Commons.