Boston Globe-Horn Book Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | berneboeken | |
útrikt troch | Boston Globe Horn Book Magazine | |
frekwinsje | 1x jiers | |
plak | Boston (Massachusetts) | |
ynsteld | 1967 | |
1e útrikking | 1967 | |
offisjele webside | ||
hbook.com/boston-globe-horn-book-awards.com |
De Boston Globe-Horn Book Awards binne in groep Amerikaanske berne- en jongereinliteratuerprizen dy't sûnt 1967 elts jier útrikt wurde troch de krante de Boston Globe, út 'e stêd Boston, en it literêre tydskrift Horn Book Magazine.
Der binne trije kategoryen: "fiksje en poëzij", "non-fiksje" en "printeboek". De non-fiksjekategory waard tafoege yn 1975, en de kategory fiksje waard yn 2001 útwreide ta "fiksje en poëzij". Fierders binne der sûnt 1977 troch de jierren hinne fiif "bysûndere fermeldings" tawiisd. Boeken wurde oer it algemien nominearre troch de útjouwers (dy't mar in beheind tal oanmeldings yntsjinje meie), mar de sjuery hoecht him dêr net oan te hâlden en mei ek oare boeken as winners útornearje. Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |