Brattahlíð

Ruïnes fan Brattahlíð
Neimakke tsjerkje fan Thjodhild, mei Eriksfjord op de eftergrûn

Brattahlíð (Brattahlid) wie de pleats fan Erik de Reade yn de Eastlike delsetting yn Súd-Grienlân en teffens de namme fan it plakje dat dêrút ûntstie. Op itselde plak leit no Qassiarsuk, oan de oare kant fan it fjord foar it ynternasjonale fleanfjild fan Narsarsuaq oer. De ruïnes fan Brattahlíð hawwe sadwaande in protte oanrin fan toeristen.

Brattahlíð waard ein 10e iuw stichte en wie de earste buorkerij foarfêst op Grienlân; de pleats lei oan de útein fan in fjord op sa'n 60 km fan de oseaan. Brattahlíð waard bewenne oant ein 15e iuw, dêrnei waard it klimaat kâlder en wie it yn alle gefallen dien mei de lânbou op Grienlân. De delgong fan de koloanje kinne eroazje, kompetysje fan de Inuit, makliker manieren om oan bistehûden te kommen en it opgong meitsjen fan de Hânze harres dien hawwe.

Under Brattahlíð waard it earste Grienlânske Þing hâlden. It krekte plak witte wy net.

Brattahlíð hat noch ruïnes fan de pleats fan Erik de Reade en in stikmannich oare pleatsnen. Ek de (neimakke) kapel fan syn ta it kristendom bekearde wiif (Þjóðhildr) is te besjen.