Brief fan de Apostels | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 2e iuw |
It Brief fan de Apostels is in algemien as apokryf beskôge tekst besibbe oan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel, dy't yn it Westen ferlern gien wie oant der oan it begjin fan 'e tweintichste iuw in oersetting yn it Ge'ez, de deade tsjerketaal fan 'e Etiopysk-Otterdokse Tsjerke, ûntdutsen waard. It brief waard geregeldwei brûkt troch dy tsjerke, hoewol't it net ta de kanon rekkene waard. Neitiid koene in fragmintarysk Koptysk manuskript út 'e fyfde of fjirde iuw en ien oerlevere side fan in Latynsktalige palimpsest út 'e fyfde iuw identifisearre wurde as hearrend ta deselde tekst. De oarspronklike, Grykske ferzje is net oerlevere.
It Brief fan 'e Apostels wurdt yn 'e regel datearre yn 'e midden fan 'e twadde iuw, en is mei 51 haadstikken fierwei de langste fan alle kanonike en apokrife brieven. De earste tsien haadstikken, likernôch in fyfdepart fan 'e folsleine tekst, is skreaun yn 'e (literêre) foarm fan in brief, sij it sa oerflakkich dat wol dúdlik is dat it nea echt in brief west hat. Yn dy earste tsien haadstikken wurdt de berte, ferrjochting fan wûndertekens en weropstanning út 'e dea fan Jezus Kristus behannele. De oare 41 haadstikken dogge ferslach fan in fizioen en nimme dêrnei de foarm oan fan in dialooch tusken Jezus en de apostels, besteande út likernôch sechstich fragen en antwurden.
De tekst liket basearre te wêzen op (parten fan) it Nije Testamint, yn it bysûnder it Evangeelje fan Jehannes. Mar der binne teffens dúdlike ynfloeden yn te bespeuren fan oare as apokryf beskôge geskriften, lykas de Iepenbiering fan Petrus, it Brief fan Barnabas en De Hoeder fan Hermas. De ynhâld, lykwols, giet rjocht yn tsjin 'e gnostyk en it dosetisme (dat leart dat Jezus net de lichaamlik ynkarnearre God wie). Neffens de tekst soe it Brief fan 'e Apostels koart nei de himelfeart fan Jezus skreaun wêze troch de (doetiidske) tolve apostels. Om't Paulus fan Tarsus doe noch net ta it kristendom bekeard wie, slút it him needsaaklikerwize út fan 'e omskriuwing "apostels". Mar dochs hat de anonime auteur, nei't men oannimme mei fanwegen Paulus syn ûnmisbere rol yn 'e lettere tsjerke, in foarsizzing fan syn kommen en dwaan tafoege. De reden dat it Brief oan de Apostels nettsjinsteande syn otterdoks boadskip yn 'e Westerske tsjerken yn ûnbrûk rekke is, is nei alle gedachten de foarsizzing yn 'e tekst dat de werkomst fan 'e messias plakfine soe 150 jier nei de útstoarting fan 'e Hillige Geast oer de tolve oarspronklike apostels ûnder it earste Pinksterfeest, wat dúdlikernôch net barde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bibliography, Notes en References, op dizze side. |