Briltil | ||
Fearhûs Briltil: doe't it noch in Italjaansk restaurant/doarpshûs wie (2005). | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Westerkertier | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 475 (2023) [1] | |
Oerflak | 0,23 km² wêrfan lân: 0,21 km² wêrfan wetter: 0,02 km² | |
Oar | ||
Postkoade | 9805 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | ||
Kaart | ||
De Briltil is in brêge (tille) oer it Hoendjip, justjes westlik fan Súdhorn yn de provinsje Grinslân. De brêge is neamd nei de krite de Bril (bril betsjut: sompich lân) noardwestlik fan de brêge.
Yn de rin fan de tiid is der in doarpke ûntstien by de tille, dat wilens yn de jierren 70 deun opnaam is yn it útwreidzjende Súdhorn. Briltil waard lykwols gjin wyk fan Súdhorn en hold de eigen namme (en plaknammebuorden). Briltil hie 449 ynwenners op 1 jannewaris 2012. Yn 2002 fierde Briltil it 400-jierrich bestean.
Briltil wurdt trochsnien fan it Hoendjip dat oant yn de jierren '30 fan de 20e iuw de wichtichste farrûte tusken Grins nei Fryslân wie. Dêrtroch ûntstie der wat yndustry op dat plak, in pear mûnen, in skipswerf en letter in belangrike molkfabryk. Mei it oanlizzen fan it Van Starkenborghkanaal wie it Hoendjip net langer fan belang en naam de drokte yn it doarp ôf. It molkfabryk is it lêst sloopt yn 2003 en moast romte meitsje foar nijbou.
Yntiids hat de beropsfeart syn plak ôfstien oan de plezierfeart, wat laat hat ta de oanlis fan in jachthaven by Briltil. It âld fearhûs is doarpshûs anneks horekagelegenheid.
De wite draaibrêge oer it Hoendjip wurdt meast de Briltil neamd. Feitlik is dat net sa, want de wiere Briltil, in fêste brêge, leit dêr neist oer de opfeart dy't yn it djip útkomt. De wite brêge hjit Brildraai. De Briltil is boppedat âlder as de Brildraai.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|