Brodenbach

Brodenbach
Jehannes fan Nepomûktsjerke (no mienskipssintrum).
Jehannes fan Nepomûktsjerke (no mienskipssintrum).
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Mayen-Koblenz
ferbânsgemeente Rhein-Mosel
Sifers
Ynwennertal 672 (2022)[1]
Oerflak 9,67 km²
Befolkingsticht. 69 ynw./km²
Hichte 95 m
Oar
Postkoade 56332
Koördinaten 50° 13'N 7° 26'E
Offisjele webside
www.brodenbach.de
Kaart
Brodenbach (Rynlân-Palts)
Brodenbach

Brodenbach is in doarp oan 'e Mûzel yn 'e lânkring Mayen-Koblenz yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts.

It plak is in Ortsgemeinde yn 'e ferbânsgemeente Rhein-Mosel.

Panorama fan Brodenbach mei de delling fan 'e Brodenbach (lofts) en de Ehrbach (rjochts).

De âlde kearn fan Brodenbach leit oan 'e Mûzel tusken de mûning fan 'e rivierkes de Brodenbach en de Ehrbach. Sûnt de jierren 1970 wurdt súd fan 'e âlde kearn nij boud. Yn 'e delling fan 'e Ehrbach leit ûnder de Ehrenburg de buorskip Ehrenburgertal. Heger, op 'e Hunsrück lizze de delsettings Kröpplingen, Stabenhof en Jahrsberger Höfe. Fierder hearre ek de delsettings Brandengrabenmühle, Gilberts-/Mauers-Mühle, Haus Sonnenwinkel, Linkemühle, Sägewerk Peifer en Vogelsang by Brodenbach.

It is net bekend wannear't it plak stifte waard, mar der binne fynsten út de Romeinske tiid ûntdutsen. Nei alle gedachten is Brodenbach op syn lêst by de bou fan it kastiel Ehrenburg ûntstien. Oant de ein fan 'e 18e iuw bleau it doarp ûnderdiel fan 'e hearlikheid fan dat kastiel.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Ehrenburg.
  • De roomske Hillich-Krústsjerke waard tusken 1971 en 1973 neffens it ûntwerp fan 'e Düsseldorfer arsjitekt Werner Köster boud. Model foar it seishoekige, betonnen gebou stie de Marijekatedraal yn Tokio fan 'e Japanske arsjitekt Kenzō Tange. Yn de tsjerke stiet it rokokoalter en letgoatyske en barokke bylden fan 'e âlde Jehannes Nepomûktsjerke, dy't hjoed-de-dei as mienskipssintrum tsjinst docht.
  • Yn it sintrum fan Brodenbach is in hûs mei in sânstiennen fotyfkrús mei it ynskrift 'Anno 1446' mei ferskillende wapens. De ôfbylde ridder op 'e balke is de ridder Kuno fan Pyrmont en fan Ehrenberg.
  • Boppe de Ehrbach stiet op in rots de Ehrenburg, in kastiel dat foar in diel ruïne is. It kastiel datearret fan 'e 12e iuw. De dûbele toer út healwei de 14e iuw is hast hielendal bewarre bleaun. Ek de Rampenturm út de 15e iuw is in moai foarbyld fan letmidsiuwske fortifikaasje. Sûnt it ein fan 'e 20e iuw is der in soad restauraasjewurk útfierd.
  • De Ehrbachklamm is in kuierrûte tusken de rotsen fan 'e Ehrbach.
  • Ehrenburgertal is in streekje mei in soad fakwurkhûzen en in kapel. Oan 'e ein fan 'e hûzen leit in joadsk tsjerkhôf.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: