Buorkerij

Wurk op it lân.

In buorkerij is in bedriuw dat him dwaande hâldt mei feetylt en/of ikkerbou. It is net it gebou dat foar sa'n bedriuw brûkt wurdt; dat is de pleats. Ornaris leit it lân dat by de buorkerij yn gebrûk is, tichteby de pleats. Buorkerijen binne faak famyljebedriuwen, dy't soms generaasjes lang oererve wurde.

At minsken in buorkerij begjinne, dan fêstigje hja harren dêr en komt der in ein oan it omswalkjen. Yn de rin fan de tiid wurdt it wurk op de pleats doelmjittiger en it belang fan buorkerijen hieltiten grutter; krekt oarsom nimt it tal persoanen dat dêr wurket hieltiten mear ôf. Skaalfergrutting makket dy yndustry doelmjittiger, wêrtroch tal fan buorkerijen yn de rin fan de tiid noch fierder weromrinne yn oantal. Yn Nederlân wiene der yn 2019 sa'n 52.233 buorkerijen[1] en likernôch 1% fan de minsken wurket noch op in buorkerij.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: