Burgschwalbach | ||
Boarch Schwalbach | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
kring | Rhein-Lahn-Kreis | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.048 (31.12.2021) | |
Oerflak | 9,2 km² | |
Befolkingsticht. | 114 ynw./km² | |
Hichte | 170 m. | |
Oar | ||
Koördinaten | 50° 16' N 8° 4' E | |
Lokaasje Burgschwalbach (read) yn de ferbânsgemeente Aar-Einrich (roze) yn de Rhein-Lahn-Kreis (griis) | ||
Offisjele webside | ||
www.burgschwalbach.de |
Burgschwalbach is in plak yn de lânkring Rhein-Lahn-Kreis yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Burgschwalbach falt ûnder de ferbânsgemeente Aar-Einrich. Boppe it doarp leit de boarch Schwalbach.
Burgschwalbach leit yn de Taunus oan de Palmbach, alve kilometer súdlik fan Limburch oan de Lahn.
It plak waard foar it earst neamd yn 790 en krige op 30 jannewaris 1368 it stedsrjocht fan Karel IV. Oannommen wurdt dat der yn opdracht fan greve Eberhad V fan Katzenelnbogen tusken 1368 en 1371 útein set waard mei de bou fan it kastiel Schwalbach.
De reformaasje waard yn Burgschwalbach ûnder greve Filips III fan Nassau-Weilburg ynfierd. It tsjerkeskip fan de romaanske, protestantske tsjerke fan Burgschwalbach stamt út 1100.
Fan de om 1380 hinne boud stedsmuorre is hjoeddedei útsein de Mühlenturm neat mear oer. As lêste grutte bouwurk fan de eardere stedsferdigening waard yn 1824 de poartetoer ôfbrutsen.
Jier | 1843 | 1927 | 1964 | 2021 |
---|---|---|---|---|
Ynwenners | 779 | 979 | 921 | 1.064 |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Burgschwalbach fan Wikimedia Commons. |