Canadian Screen Award

Canadian Screen Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Kanadeesk
útrikt foar bêste Kanadeeske tillefyzje-,
   film- en ynternetproduksjes
útrikt troch ACCT
frekwinsje 1x jiers
ynsteld 2012
1e útrikking 2013
offisjele webside
www.academy.ca/awards

De Canadian Screen Awards (Frânsk: les Prix Écrans Canadiens) binne in groep Kanadeeske prizen dy't jierliks útrikt wurde foar de as bêste beoardiele prestaasjes op it mêd fan Ingelsk- en Frânsktalige film, fan Ingelsktalige tillefyzje en fan digitale media fan it foargeande jier. Dizze prizen binne de wichtichsten op har terrein yn Kanada, en kinne datoangeande ferlike wurde mei de Amerikaanske Oscars en Emmys. De Canadian Screen Awards binne ûntstien troch de fúzje fan 'e Gemini Awards en de Genie Awards, dy't foarhinne de wichtichste Kanadeeske prizen wiene op it mêd fan film, resp. Ingelsktalige tillefyzje.

De útrikking fan 'e Canadian Screen Awards, dy't foar it earst plakfûn yn 2013, wurdt organisearre troch de Academy of Canadian Cinema and Television (ACCT), dy't dêrnjonken ek ferantwurdlik is foar de organisaasje en de takenning fan 'e Prix Gémeaux, foar de bêste Frânsktalige tillefyzje. De Canadian Screen Awards wurde útrikt yn 116 kategoryen: 22 foar film, 89 foar Ingelsktalige tillefyzje en 5 foar digitale media. Foar in opsomming fan alle kategoryen, sjocht op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.