Carla Zijlstra | ||
Reedrider | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Carla Johanna Zijlstra | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 15 maart 1969 | |
berteplak | Snits | |
etnisiteit | Frysk | |
sportive ynformaasje | ||
ûnderdiel | Langebaan | |
O.S. | Tignes-Albertville 1992, Lillehammer 1994, Nagano 1998 | |
debút | 1989 | |
karriêre-ein | 1999 | |
wichtige prestaasjes | ||
1x goud NK Allround 1993, 1997 2x sulver NK Allround 1992 3x brûns NK Allround 1994, 1995, 1996 |
</noinclude> Carla Johanna Zijlstra (Snits, 15 maart 1969) is in earder Frysk reedrydster. Sûnt 16 maart 1997 wie se Nederlânsk rekôrhâldster op de 10 kilometer, mei in tiid fan 14.39,22 riden yn Calgary. Dizze tiid waard pas alve jier letter op 13 maart 2018 op It Hearrenfean ferbrutsen troch Carien Kleibeuker dy't 14.35,61 ried[1]
Carla die fiif kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, sân kear oan it Europeesk kampioenskip en trije kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1992, 1994 en 1998). Sy behelle by dizze wedstriden gjin medaljes, sy waard al ien kear Nederlânsk allround kampioene.
Foar seizoen 1998/1999 waard Zijlstra net selektearre foar de kearnploech en makke har mei privee-trainer Johan Kasper ree foar de wedstriden. Dat seizoen riid se mei 7.05,94 in nij Nederlânsk rekôr op de 5 kilometer. In jier letter besleat se om har reedriidkarriêre te beëinigjen en har te rjochtsjen op har stúdzje ta Fysioterapeut. Se boaske mei de Australyske skyrinner Andy Evans mei wa't se twa bêrn hat. Yn novimber 2016 ferskynde har autobiografy Tussen hemel, ijs en aarde[2].
Ofstân | Tiid | Datum | Baan |
---|---|---|---|
500 meter | 41,74 | 13 febrewaris 1999 | Olympic Oval, Calgary |
1000 meter | 1.22,09 | 19 maart 1999 | Olympic Oval, Calgary |
1500 meter | 2.01,67 | 13 febrewaris 1999 | Olympic Oval, Calgary |
3 km | 4.10,63 | 27 maart 1998 | Olympic Oval, Calgary |
5 km | 7.05,94 | 21 novimber 1998 | Thialf, It Hearrenfean |
10 km | 14.39,22 | 16 maart 1997 | Olympic Oval, Calgary |
jier | NK Allround |
NK Ofstannen |
EK Allround |
WK Allround |
WK Ofstannen |
Olympyske Spullen |
---|---|---|---|---|---|---|
1989 | 9e | 3 km, 12e | ||||
1990 | 6e | 500 m, 17e 1500 m, 11e 3 km, 8e 5 km, 4e |
||||
1991 | 10e | 9e | ||||
1992 | 500 m, 16e 1500 m, 5e 3 km, 5 km, |
8ste | 10e | 1500 m, 9e 3 km, 4e 5 km, 4e | ||
1993 | 1500 m, 3 km, 5 km, |
7e | 7e | |||
1994 | 1500 m, 3 km, 5 km, |
6e | 1500 m, 22ste 3 km, 9e 5 km, 7e | |||
1995 | 1500 m, 11e 3 km, 5 km, |
12e | 8ste | |||
1996 | 11e | 27ste | 3 km, 7e 5 km, |
|||
1997 | 7e | 3 km, 5 km, |
||||
1998 | 4e | 3 km, 5 km, |
3 km, 6e 5 km, |
3 km, 9e 5 km, 6e | ||
1999 | 8ste | 1500 m, 9e 3 km, 5 km, |
3 km, 5e 5 km, 4e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|