Chapelle Saint-Michel d'Aiguilhe

Sint-Michaelkapel

Chapelle Saint-Michel

Lokaasje
lân flagge fan Frankryk Frankryk
regio Auvernje-Rône-Alpen
departemint Haute-Loire
gemeente Le Puy-en-Velay
plak Aiguilhe
adres Rue du Rocher
koördinaten 45° 03' N 3° 52' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Puy-en-Velay
patroanhillige Sint-Michael
Arsjitektuer
boujier 950-961
boustyl Préromaanske styl
monumintale status histoarysk monumint
Webside
Side fan de Sint-Benediktusparochy fan Caudebec-en-Caux
Kaart
Chapelle Saint-Michel d'Aiguilhe (Frankryk)
Chapelle Saint-Michel d'Aiguilhe

De Sint-Michaelkapel (Frânsk: Chapelle Saint-Michel d'Aiguilhe) is in roomsk-katolike kapel yn Aiguilhe yn 'e Frânske gemeente Le Puy-en-Velay.

De oan de aartsingel Michael wijde kapel stiet op in fulkanyske rots, dy't 82 meter heech is en it paad nei de kapel giet oer 268 yn 'e rots úthoude trêden.

Oan 'e foet fan 'e fulkanyske rots stiet de 12e iuwske Kapel fan Sint-Klara (Chapelle Saint-Claire), de kapel fan it hospitaal dat yn 1088 stifte waard om de minsken dy't nei Sint-Michael pylgeren te fersoargjen.

De biskop fan Puy-en-Velay, Gotescalc, liet nei syn feilige weromkommen fan in pylgerstocht oer it Jabikspaad út tankberens op de rots in kapel stiftsje. De kapel waard yn in préromaanske styl boud en foltôge yn 961. Alhoewol't der gjin bewiis foar is wurdt der troch guon oannommen dat it plak earder in kultplak west hat foar de romeinske god Merkuerius. De trep nei de kapel datearret lykwols út de boutiid fan de kapel en as it yndie in kultplak foar Merkuerius west hat, dan koene allinne tige behindige manlju de steile rots beklimme.

Grûnplan

Yn de 11e iuw waard de kapel foar it earst fergrutte mei de tafoeging fan de klokketoer en in portaal. De klokketoer is yn deselde styl as de dy fan de Us-Leaffrouwekatedraal. Doe't se de gebouwen foar de tsjinstdwaande preester op it easten tafoegen, waard de lytse súdlike kapel foar in diel ôfbrutsen om fan de tsjerke ien grut skip te meitsjen. De ferskate boufazes fan it kompleks binne goed te werkennen troch it gebrûk fan ferskate kleuren stien (griis foar it âldste diel, rôze foar de twadde en gieleftich foar de tredde faze). It grûnplan fan de kapel nimt de foarmen fan it platfoarm op de rots oan.

Om't oan de tsjerke gjin parochy ferbûn wie, rekke de kapel yn de tiid fan de Frânske Revolúsje bûten gebrûk. De takomst fan de kapel wie yn dy tiid tige ûnwis, mar fanwegen de arsjitektuer en de muorreskilderingen rekke de ferlichte elite ynteresearre yn it gebou. Dêrûnder wie ek de ferneamde histoarikus Prosper Mérimée. De kapel waard oerdroegen oan de steat en kaam yn 1840 as ien fan 1034 monuminten op de earste list fan beskerme histoaryske monuminten fan Frankryk te stean. Yn 2014 stie de tsjerke op it fjierde plak fan de meast populêre monuminten fan Frankryk.

By de restauraasje yn 1955 waard ûnder it haadalter in polychrome Kristus fan olivehout, in biskopskrús, in kist fan ivoar en stikken stof ûntdutsen, reliken dy't dêr sûnt de konsekraasje fan it alter al leine. Se wurde yn in fitrine tsjin in pylder by it koer útstald. Tusken 2003 en 2004 waarden de muorreskilderings restaurearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Frânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: fr:Église Saint-Michel d'Aiguilhe