Charles Pahud de Mortanges

Charles Pahud de Mortanges
sporter
Charles Pahud de Mortanges mei Mädel wie Du (1936)
Charles Pahud de Mortanges mei Mädel wie Du (1936)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Charles Ferdinand Pahud de Mortanges
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 13 maaie 1896
berteplak De Haach
stjerdatum 7 april 1971
stjerplak De Haach
etnisiteit Frânsk
sportive ynformaasje
sport Hynstesport
ûnderdiel Eventing
O.S. Parys 1924,
Amsterdam 1928,
Los Angeles 1932,
Berlyn 1936
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 4x 1924, 1928, 1932
Sulver grut sulver 1x 1932
Charles Pahud de Mortanges
militêr
wurkpaad
tsjinsttiid ?-1962
yn tsjinst fan Nederlân
legerûnderdiel 2e regiment Huzaren,
Prinses Irene Brigade
heechste rang Luitenant-generaal
konflikt(en) Twadde Wrâldkriich

Charles Ferdinand Pahud de Mortanges (De Haach, 13 maaie 1896 - De Haach, 7 april 1971) wie in Nederlânsk legeroffisier en hynstesporter.

Militêre karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pahud wie de soan fan mr. Charles Ferdinand Pahud de Mortanges (1860-1903), adjunkt-kommys op it departemint fan Koloanjes, en Sophia Kol (1861-1931), telch út de Utertske bankiersfamylje Kol. Hy wie legeroffisier fan berop. Nei de HBS gie er nei de Keninklike Militêre Akademy (KMA). As talitting foar de KMA waard in ekstra eksamen hynsteriden oanrekommandearre, dêr't er foar slagge. Pahud waard kadet foar it wapen fan de Kavalery en waard dêrnei frege troch rezjimintkommandant baron Van Heemstra[1] om adjudant te wurden. In jier letter waard him frege om rydynstrukteur te wurden oan de Hegere Kriichsskoalle (HKS). Twa jier letter kaam syn funksje fanwegen besunigings te ferfallen. Hy waard oerpleatst en kaam terjochte by it 2e rezjimint Huzaren yn Tilburch. Dêr die Pahud twa jier lang net folle oars as hynders traine en beleare.

Yn'e Twadde Wrâldkriich wist er oan in Dútske kriichsfinzenskip te ûntkommen troch út in ridende trein te springen. Nei in lange swalkerstocht berikte er fia Gibraltar Ingelân. Mei de Prinses Irene Brigade focht er him yn 1944 fia Normandje it paad werom nei Nederlân. Hy waard úteinlik luitenant-generaal en einige syn militêre karriêre fan 1954 oant 1962 as haad fan it Militêre Hûs fan H.M. de Keninginne.

Hy die fjouwer kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1924, 1928, 1932 en 1936). Hy waard yn Parys en Amsterdam Olympysk kampioen mei it Nederlânske team, yn Los Angeles wûn er mei it team in sulveren medalje. Yndividueel waard hy yn Amsterdam en yn Los Angeles Olympysk kampioen.

Sportbestjoerder

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de Twadde Wrâldkriich hat Pahud net mear meidien oan hippyske eveneminten. Hy wie yn 1938 blesearre rekke oan syn pols, mar yn 1946 waard er frege as foarsitter fan it NOK. Uteinlik hat er fan 1946 oant 1964 mei in ûnderbrekking yn de jierren fyftich foarsitter fan de sportkoepel west.

Charles Pahud de Mortanges ferstoar op 7 april 1971, yn 'e âldens fan 74 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Cornelis Schelto Sixma baron van Heemstra]] (1879-1942),