Chatroulette.com is in net-kommersjeel webstee dat fia in rûlettesysteem dy't likefolle wa by elkoar bringt om te 'tsjetten' oer de webkamera. It webstee wurket as in fideokonferinsje. Om't it webstee sûnder tuskenkomst fan behearders byldkeppelings tastânbringt, is er perfoarst net geskikt foar bern. De besiker kin op elk momint it petear einigje en in oar petear begjinne.
Andrei Ternovskiy, in 17-jierrige studint út Moskou, lansearre de side, yn novimber 2009. De side hat op elk momint sa'n 35.000 besikers. Yn maart waard it tal besikers rûsd op 1,5 miljoen, in tredde part dêrfan komt út de Feriene Steaten.
It webstee brûkt Adobe Flash om bylden sjen te litten fan de webkamera's.