Chislehurst is in wyk yn it Londensk bestjoerlike gebiet Bromley, yn de regio Grut-Londen.
Keizer Napoleon III fan Frankryk en keizerinne Eugénie de Montijo hawwe yn Chislehurst wenne, yn it hûs Camden Place (ferneamd nei William Camden), dat no it kluphûs fan in golfklup is.[1]
De wyk hat de Chislehurst Caves; it binne gjin wiere grotten, mar de oerbliuwsels fan krytminen út de tiid fan it Romeinske Keizerryk.[2]
De namme "Chislehurst" is ôflaat fan de Aldingelske wurden cisel, 'gravel' en hyrst, 'beboske hichte'.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Chislehurst fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|