Chordofoanen of snaarynstruminten binne muzykynstruminten dy't lûd meitsje kinne troch it triljen litten fan snaren. Ornaris wurdt it lûd fan de triljende snaar stipe troch in klankkast of resonator.
Snaarynstruminten of chordofoanen kinne op basis fan konstruksje fierder yndield wurde: en.
De luiteftigen kinne fierder ûnderferdield wurde oan de hân fan de wize wêrop't de snaren ta triljen brocht wurde.
De measte strykynstruminten wurde bespile mei in strykstôk.
De meast foarkommende westerske binne:
In tal minder bekende:
Dy wurde bespile mei help fan in plektrum of de fingerneils of 'plôke' mei de hân/fingers
Ek de Kontrabas wurdt yn net-klassike muzyk meast plôke
Siters wurde faak mei help fan mallets of hammerkes of oars wat meganisearre bespile mar gauris ek mei de fingers.
Der binne ek strutsen farianten, wêrby't (inkelde) snaren troch in meganyk mei knoppen ynkoarte wurde:
By de draailier wurde de snaren strutsen troch in rûndraaide houten skiif dy't mei hars ynwreaun is, by de nicelharpa mei in strykstôk.