Cornelis Johannes Kieviet | ||
![]() | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 8 maart 1858 | |
berteplak | Hoofddorp | |
stoarn | 12 augustus 1931 | |
stjerplak | Wassenaar | |
wurk | ||
sjenre | berneliteratuer | |
bekendste wurk(en) |
Dik Trom | |
jierren aktyf | 1890-1931 |
Cornelis Johannes Kieviet (Hoofddorp, 8 maart 1858 – Wassenaar, 12 augustus 1931) wie in Nederlânske ûnderwizer û.o. yn it Noardhollânske buorskip Etersheim en skriuwer fan jeugdboeken. Hy publissearre ûnder de namme C. Joh. Kieviet. Hy wie de skepper fan de ferneamde ûndogenske figuer Dik Trom.
Fanwegen it ûndogenske karakter fan Dik Trom foel it Kieviet net ta om in útjouwer te finen en earst nei acht jier wie de earste 'Dik Trom' útferkocht. Oan de twadde printinge waarden tekenings fan Johan Braakensiek taheakke, en doe naam de ferkeap ta. Hoofddorp, it eardere Kruisdorp, is goed werom te kennen as plak fan hanneling yn de Dik Trom-boeken. De measte personaazjes binne basearre op wier besteande doapsbewenners út de jierren 1870 - 1880.
Kieviet skreau neist de Dik Trom-ferhalen noch tal fan oare jeugdromans, faak ek yn meiïnoar gearhingjende rigen, sa as "De Club Van Zessen Klaar", it masterwurk "Wilde Bob", "De Club Op Reis" en "De Club In Valkenburg" (1898-1915). Kieviet liet syn ferhalen troch de âldere learlingen oan de jongere foarlêze en hifke dan harren reaksjes en makke dan as it nedich wie oanpassings. Twa detectiveromans foar folwoeksenen dy't er letter skreau wiene net sa slagge.
Fan alle auteurs yn de gouden perioade fan de Nederlânske jeugdliteratuer, fan ± 1880-1940, wie Kieviet wol dejinge mei it measte talint. Syn boeken dy't faak in episoade út de skiednis ta ûnderwerp hiene, binne oarspronklik, sterk fan komposysje en koartswillich.
It eardere doarpsskoaltsje fan Etersheim is mei it skoalmasterhûs yn novimber 2011 oankocht troch Stadsherstel Amsterdam, dat it gebou út publike fûnsen restaurearje liet. It berneboekemuseum Het Schooltje van Dik Trom húsmannet sûnt maart 2013 yn it gebou.