Crait

Crait sa't de planeet te sjen is yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017).

Crait is in fiktive planeet út 'e Star Wars-franchise, dy't yntrodusearre waard yn 'e film Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017), it middelste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy. Dizze planeet makket diel út fan it planetestelsel mei deselde namme, yn 'e Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel. Crait rûntsjedraait yn 525 dagen om 'e stjer hinne dy't ek Crait hjit, mar hat sels gjin moannen. De planeet hat in diameter 7.400 km en in deilingte fan 27 oeren.

It oerflak fan Crait is fierhinne oerdutsen mei berchtmen, dellings, útstrutsen sâltflakten en pikelseeën. De planeet is ryk oan mineralen, en de atmosfear is sykhelber foar de measte wêzens. Der hat him op Crait nea in yntelliginte foarm fan bûtenierdsk libben ûntjûn, mar lânseigen floara en fauna is der wol. De vulptex, bygelyks, is in foks-eftich sûchdier mei in wite, kristallinen pels, dy't op 'e sâltflakten libbet.

Under de Galaktyske Boargeroarloch fêstiget it Rebelleferbûn in basis op Crait, yn it binnenste fan in berch oan 'e útein fan in ûnbidige sâltflakte. Yn 'e roman Star Wars: Leia, Princess of Alderaan (2017), fan Claudia Gray, wurdt ferteld dat Bail Organa fan Alderaan dêr in skoft kommandant is. It is as prinsesse Leia Organa him dêr trappearret, dat se foar it earst beseft dat har âldelju behelle binne yn in opstân tsjin it Galaktysk Keizerryk. De basis op Crait wurdt tsien jier letter ferlitten.

Sa't te sjen is yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi, keart Leia mear as fjirtich jier letter werom nei Crait as it Ferset yn 'e striid tsjin 'e faksistyske Earste Oarder (dy't fuortkommen is út 'e restanten fan it Keizerryk) syn basis op D'Qar ûntromje moatten hat en op 'e flecht is foar de fijannige float. Nei de ferneatiging fan alle fersetsskippen sykje de lêste 400 fersetslju har taflecht yn 'e âlde rebellebasis. Troepen fan 'e Earste Oarder, ûnder lieding fan generaal Hux en de Sith-ridder Kylo Ren, sette mei AT-AT's en in reuseftich belegeringskanon de oanfal yn, mar wurde opholden troch de tuskenkomst fan Jedi-master Luke Skywalker. De fersetslju witte te ûntkommen troch in oare útgong, dêr't se troch de vulptex hinne laat wurde, en ferlitte Crait yn 'e Millennium Falcon.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin