Dangerous Women | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | George R.R. Martin en Gardner Dozois (red.) | |
taal | Ingelsk | |
foarm | ferhalebondel | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2013, New York | |
oarspr. útjwr. | Tor Books | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 76 53 32 066 |
Dangerous Women is in blomlêzing yn 'e foarm fan in ferhalebondel, gearstald troch de Amerikaanske redakteuren en skriuwers George R.R. Martin en Gardner Dozois. De titel betsjut letterlik "Gefaarlike Froulju", mar soe ek oerset wurde kinne as "Femmes Fatales". It boek omfettet 21 koarte ferhalen fan it fantasysjenre oer tsjeppe en gefaarlike froulju. De ferhalen binne skreaun troch foaroansteande auteurs as Joe Abercrombie, Jim Butcher, Brandon Sanderson, Diana Gabaldon en George R.R. Martin sels.
Alle ferhalen út Dangerous Women waarden yn dizze bondel foar it earst publisearre, hoewol't de measten neitiid troch de respektivelike skriuwers op 'e nij útjûn binne yn eigen ferhalebondels. Dangerous Women waard yn 2013 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Tor Books. Sawol Some Desperado, fan Abercrombie, as The Princess and the Queen, fan Martin, waard yn 2014 nominearre foar in Locus Award. Dangerous Women sels wûn datselde jiers de World Fantasy Award yn 'e kategory bêste blomlêzing.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|