Danny Peary | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Dannis Peary | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 8 augustus 1949 | |
berteplak | Philippi (West-Firginia) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | sjoernalist, publisist | |
aktyf as | filmkritikus, filmhistoarikus, sportsjoernalist | |
jierren aktyf | 1971 – no | |
offisjele webside | ||
dannypeary.blogspot.com |
Danny Peary (folút: Dannis Peary; Philippi (West-Firginia), 28 augustus 1949) is in Amerikaansk sjoernalist, publisist, filmkritikus, filmhistoarikus, sportsjoernalist en sporthistoarikus. Hy hat in protte boeken skreaun of redigearre oer films en sport (benammen honkbal). Peary is it bekendst wurden mei syn boek Cult Movies, út 1980, dat sa súksesfol wie dat der noch twa ferfolgen op kamen. Yn dy trilogy beskriuwt er it ferskynsel fan 'e cultfilm.
Peary waard yn 1949 berne yn Philippi, yn 'e Amerikaanske steat West-Firginia, as de soan fan Joseph Y. Peary, in heechlearaar, en dy syn frou Laura Chaitan. Syn broer is de filmkritikus, kollumnist, akteur en dokumintêremakker Gerald Peary. Hy groeide op yn West-Firginia, en letter yn Súd-Karolina en Nij-Jersey. Yn 1971 studearre Peary mei in bachelortitel ôf oan 'e Universiteit fan Wisconsin yn Madison. Yn syn studintetiid hied er al as filmkritikus wurke foar de Daily Cardinal, de universiteitskrante. Yn 1975 behelle er cum laude in mastertitel yn filmkeunst oan 'e Universiteit fan Súdlik Kalifornje yn Los Angeles.
Nei syn ôfstudearjen yn 1971 gie Peary oan it wurk as filmkritikus, wêrby't er wurke foar ferskate kranten en tydskriften. Syn resinsjes ferskynden sadwaande yn û.m. FilmInk, Movieline, TV Guide, Cosmopolitan, The New York Times, de New York Daily News, The Boston Globe, de SoHo News, The Philadelphia Bulletin, Slant, Newsday en Country Weekly. Ek skreau er in kollumn mei de titel Danny Peary Talks to … ("Danny Peary Praat mei …"), wêryn't er fraachpetearen hold mei ferneamde persoanen út 'e filmyndustry fan Hollywood.
Peary skreau ferskate boeken oer films en de filmskiednis. Sa ferskynde yn 1981 fan syn hân it wurk Cult Movies, dat sa goed ferkocht dat der twa ferfolgen op kamen: Cult Movies 2, út 1983, en Cult Movies 3, út 1989. Yn dy trilogy beskreau er yngeand it ferskynsel fan 'e cultfilm en skonk er oandacht oan films (100 yn it earste diel, 50 yn it twadde diel en nochris 50 yn it trêde diel) dy't (alteast doedestiden) negearre waarden troch oare filmkritisy. Peary skreau ek Guide for the Film Fanatic (1986), wêryn't er mear mainstream-films ûnder de lûp naam.
Behalven oer films publisearre Peary ek ferskate boeken oer sport, en yn 't bysûnder oer honkbal. Dêrby wurke er gauris as in soarte fan ghostwriter gear mei bekende persoanen út 'e sportwrâld. Sa publisearre er mei honkbalspilers en sportferslachjouwers Ralph Kiner en Tim McCarver oer honkbal, mei de Olympyske gouden medalje-winneresse en kankeroerlibbene Shannon Miller oer har libben, en mei Muhammad Ali syn dochter Hana Ali oer har heit. Ek wied er as redakteur belutsen by publikaasjes oer de ferneamde honkballers Derek Jeter en Jackie Robinson.
Fierders wurke Peary as tekstskriuwer foar de sportrubryk The Tim McCarver Show, dy't yn 'e Feriene Steaten op 'e nasjonale tillefyzje útstjoerd waard. Ek wied er yn 'e 1980-er jierren as senarioskriuwer behelle yn 'e produksje fan ien ôflevering elts fan 'e tekenfilmsearjes ThunderCats en SilverHawks.
Sûnt 1977 wennet Peary yn New York. Hy en syn frou Suzanne hawwe in dochter, dy't Zoe hjit.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |