De Broek | ||
Klokkestoel | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 260 (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oerflak | 10,33 km² lân: 9,15 km² wetter: 1,18 km² | |
Befolkingsticht. | 24 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 58' N 5° 46' E | |
Offisjele webside | ||
Side fan De Broek | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan De Broek yn de eardere gemeente Skarsterlân |
De Broek is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, krekt west fan De Jouwer. Oant 1 jannewaris 2014 hearde De Broek by de gemeente Skarsterlân.
De Broek hat 260 ynwenners (1 jannewaris 2023, boarne: CBS).
Broek betsjut 'leech lizzend, wetterich stik lân'. It doarp lei eartiids hielendal lâns de Skiensleat. De Broek is wierskynlik om it jier 1250 stifte, nei alle gedachten troch minsken út de omkriten fan Snits. Der waard wol sein dat de koloanje opset waard om de groei fan De Jouwer yn de rjochting fan Snits te beheinen. De Skiensleat wêroan't de kolonisten harren nei wenjen setten is fan oarsprong in feanstreamke, dat troch de bewenners útdjippe waard ta in kanaal.
It doarp leit oan beide kanten oan fan 'e feart, wêrtroch it langhalich is en net yn in rjochte line leit. It doarp bestiet tsjintwurdich eins út twa dielen: Broek-Noard en Broek-Súd. It doarp wurdt skieden troch de Sylroede, dy't De Jouwer oansluting jout op de Fryske marren. Der is ek gjin streekrjochte ferbining tusken beide parten, oars as oer it wetter. Om fan Broek-Noard nei Broek-Súd te kommen moat men oer De Jouwer. De diken yn De Broek hjitte ek gewoanwei It Súd en It Noard. Yn Broek-Noard leit oan de oare kant fan de Noardbroekster Feart noch de Plústerdyk.
Nei de Twadde Wrâldkriich bleau it doarpke wakker itselde en waard der net in hiel soad nij by boud.
Healwei de jierren 1990 fersette it doarp him tsjin de nije útwreidingsplannen fan de gemeente Skarsterlân. De brûkte slogan wie: Wij gaan over de rooie als Joure met Broek gaat klooien. Troch de protesten gie de útwreiding net troch. In goede twintich jier letter waard der ûnder de namme 'Broek-Súd' in lúks nijbouprojekt foar minsken út it hegere ynkommenssegmint ûntwikkele om minsken út de Rânestêd nei it Fryske plattelân te lûken. Yn de brosjuere fan it boubedriuw wurde de royale kavels fan mear as 1000 m² oan it wetter mei iepen ferbining yn Broek-Súd oanpriizge as 'it wenjen yn in see fan romte midden yn 'e natoer op noch gjin 60 minuten ôfstân fan Amsterdam'.[2]
Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2004 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 320 | 302 | 287 | 246 | 239 | 230 | 215 |
De tsjerke is sûnt 2014 troch de PKN-gemeente oerdroegen oan de Stifting Behear Broekster Tsjerke, dy't nei in renovaasjes en modernisearing it gebou as doarpshûs eksploitearret. De tsjerke is boud yn 1913 en ferfong doe in folle âldere tsjerke. Foar de reformaasje wie de tsjerke wijd oan Sint-Kristoffel. Sûnt de ôfbraak fan de toer fan de foargonger hinget de klok yn in klokkestoel op it tsjerkhôf efter de tsjerke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|