De Huisman | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Saanstêd | |
plak | Saandam | |
adres | Kalverringdijk 23 | |
koördinaten | 52° 28' N 4° 48' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | stellingmûne | |
funksje | speserijmûne | |
boujier | 1786 of wat letter | |
oare ynformaasje | ||
eigner | fer. De Zaansche Molen | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 40091 | |
Webside | ||
zaansemosterd.nl | ||
Kaart | ||
De Huisman is in speserijmûne op 'e Saanske Skâns yn 'e Noard-Hollânske gemeente Saanstêd. De tekst "Hier kreeg een kippevrijer een huisman tot berijder" op it nammeboerd fan 'e mûne seit in soad oer it ûntstean fan 'e hjoeddeiske mûne: oarspronklik stie dêr it pakhûs De Haan, dêr't yn 1955 de wjukken en it achtkant fan de mûne De Huisman op set waard.
Eartiids stie de mûne nei alle gedachten sûnt 1786 oan it Blauwe Pad, hjoed-de-dei de Claude Monetstraat yn Saandam. Hielendal wis is it jiertal net, mar de mûne bestie yn alle gefallen al yn 1802 want doe waard de mûne ferkocht. De mûne hat in flecht fan 11,5 m en hie yn 'e rin fan 'e tiid ferskillende funksjes as tabaksmûne, mostermûne en seachmûne.
Op 'e Saanske Skâns is de mûne as speserijmûne ynrjochte mei in binnenwurk fan 'e speserijmûne Het Indiës Welvaren, de hjoeddeiske mûne De Jonge Dirk. Foar de restauraasje hie de mûne noch in moderne ynstallaasje foar de produksje fan moster.
Yn jannewaris 2010 waard útein set mei de ferbouwing fan 'e Huisman. De moderne mostermakkerij ferhûze doe nei in yndustryterrein yn Wormerveer. Njonken it pakhûs De Haan is doe in nij diel boud, dêr't yn desimber 2010 it achtkant op set waard. Yn dat nije diel steane 3 koppels kantstiennen opsteld, dy't elektrysk en mei wynkrêft oandreaun wurde kinne. De oandriuwing fynt foar in part mei oandriuwriemen en foar in part mei kaamtsjillen plak. Ien fan 'e koppelkantstiennen bestiet út houten kantstiennen.
It pakhûs De Haan is likernôch 30 sm ferhege en krige in nije fundearring. Yn dat pakhûs is no in speserijewinkel ûnderbrocht. Prins Friso iepene yn 2011 as beskermhear fan 'e feriening De Hollandsche Molen de ferboude mûne.
It pakhûs en de flier fan 'e mûne binne frij tagonklik. Eigner fan 'e mûne is de feriening De Zaansche Molen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Wynmûnen yn 'e Saankrite | ||
---|---|---|
Oaljemûnen: De Bonte Hen • De Ooijevaar • De Os • Het Pink • De Zoeker | ||
Seachmûnen: De Gekroonde Poelenburg • De Held Jozua • Het Jonge Schaap | ||
Oare types: De Bleeke Dood • Herkules • De Huisman • De Kat • De Koker • Het Prinsenhof • De Schoolmeester • De Veldmuis | ||
Lytse mûntsjes: De Hadel • De Jonge Dirk • Kaatmolen • Het Klaverblad • De Kroosduiker • De Windhond • De Windjager • De Zwaan • Het Zwarte Kalf | ||
Oars: Mûnemuseum · Saanske Skâns · Feriening De Zaansche Molen | ||
· · |