In deidier is in bist dat by deiljocht aktyf is en nachts rêst. It byhearrende eigenskipswurd is diurnaal. It tsjinstelde fan in deidier is in nachtdier (eigenskipswurd: nokturnaal), dat nachts aktyf is en oerdeis rêst. Der binne ek bisten dy't inkeld yn 'e jûnsskimer en/of de moarnsdage aktyf binne; dy wurde krepuskulêr neamd. Foarbylden fan deidieren binne de measte gerskjende bisten, lykas kij, skiep en hynders, mar ek rôfdieren lykas wolven, hûnen, apen en de minske sels. Bekende foarbylden fan nachtdieren binne katten, ûlen en flearmûzen.
Wannear't in bist aktyf is en wannear't er rêst, wurdt bepaald troch in grut tal faktoaren. De wichtichsten dêrfan binne oft er by tsjuster foerazjearje kin sûnder of mei beheind gesichtsfermogen (lykas flearmûzen), oft syn gesichtsfermogen spesjaal oanpast is om ek by tsjuster it bêst mooglike sicht te leverjen (lykas katten), oft de temperatuer fan it biotoop fan it bist oerdeis te heech of nachts te leech is, en oft der oerdeis of nachts in gruttere kâns op predaasje bestiet.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |