|
Den Andel (Grinslannersk: Naandel) is in doarp yn 'e gemeente It Hegelân yn de provinsje Grinslân. Oant de weryndieling fan 1990 hearde it doarp by de eardere gemeente Baflo en dêrnei oant 2019 by de gemeente Winsum.
Den Andel is in agrarysk dykdoarp dat fral út lintbebouwing bestiet lâns de east-westlike Oude Dijk oant lâns de heaks dêrop lizzende Streekweg nei it suden ta. Op de krusing fan de twa diken stiet it yn 1910 yn art deco-styl boude eardere kafee.
Den Andel wurdt foar it earst as Ondel neamd op in parochylist fan 1475. Andel is Eastfrysk foar kweldergêrs en it doarp waard dan ek ynearsten op kwelders boud. Ek de seedyk by Uithuizen waard yn 1404 de Ondelsdyk neamd. Earne tusken de 11e en de 13e iuw waard fanút Den Andel in dyk opsmiten, dy't westlik fan Den Andel oer Saaksumhuzen nei Oosterhuizen en dêrnei nei it suden by pleatsen del nei Eenrum rûn. Yn Den Andel rûn dy dyk by de Streekweg lâns. Wat letter yn de 13e iuw waard de âlde seedyk oanlein. Oan de âlde seedyk ûntstie de buorren Aldedyk en om de Streekwei de buorren De Streek.
Yn de Tachtichjierrige Kriich waard it doarp platbaarnd troch Steatske troepen.
By de Krystfloed fan 1717 briek de âlde seedyk en tûzenen minsken yn Grinslân ferstoaren by it ûnderstrûpen fan it lân troch it seewetter. Hiel Den Andel waard op de tsjerke nei weifege. Nei it ûnheil waard in lytse twa kilometer fierderop in nije dyk boud. By it oanlizzen fan de nije dyk waard ek grûn fan de âlde seedyk brûkt, sadat tsjintwurdich fan de midsiuwske dyk hast neat mear oer is. In lyts stikje oan de Tammeswei is alles wat oerbleau en waard troch it Grinslânske Gea útroppen ta it lytste natoergebiet fan de provinsje Grinslân.[1]
De Aldedyk en De Streek bleaune lang in boerestreek, mar nei't yn de 19e iuw de boeren troch de oanlis fan de Noardpolder yn 1811 mear ferlet fan arbeiders hiene, kamen de hûzen tichter op inoar te stean. Yn 1852 waard in nôt- en pelmûne boud, dy't lykwols yn 1859 ôfbaarnde. Itselde jier waard de mûne wer opboud, mar ek dy baarnde ôf yn 1874. De mûne dy't dêrnei boud waard stie oarspronklik yn Nijtsjerk en waard yn Den Andel as De Jonge Hendrik weropboud. De mûne is ferneamd nei de yn 1875 berne soan fan de mûnder. Oan de súdkant fan it doarp stie noch in mûne út 1628, mar dy gyng mei de Krystfloed ferlern. De mûne waard wer opboud mar nei twa brânen yn 1830 en 1878 net nochris.
Yn de 19e iuw stie yn Den Andel in grutte herberch mei de namme "Het Wapen van Turkije". Dêrom waarden de bewenners ek wol foar "Turken" útskolden.
Yn de jierren 1960 wie Den Andel in bloeiend doarp mei twa tsjerken, twa skoallen en in grut tal winkels. Sûnt 1970 feroare de tradisjonele gearstalling fan de befolking troch ymport út de stêd. De befolking krige te meitsjen mei in stedske hippykultuer mei kommunes en wengroepen, dy't har net in soad fan de autochtoane befolking mei harren besteande gewoantes oanlutsen. It wie de tiid dat âlde bewenners nei it bejaardehûs ferhûzen en harren arbeidershûskes foar in bytsje jild ferkochten, mar ta argewaasje fan de autochtoane befolking bouden de keapers hutten yn de tún om yn te wenjen. Hja ferbouden iten yn de berms en de earder kreas ûnderholden tunen feroaren yn in wyldernis. It oansjen fan it doarp fersutere en om de spannings tusken de bewenners en nijkommers in bytsje wei te nimmen waard der in wurkgroep foarme. De bewenners beaën oan om de hippy's te helpen mei it wer yn oarder meitsjen fan de tunen, mar dêr woene hja net oan. Hûshâldings mei bern ferhûzen nei oare plakken en nijsgjirrich folk ried spesjaal nei it doarp om sels mei eigen eagen harren oer de sitewaasje te fernuverjen. Doe't immen stikken fan in dak weiseage en dêr matrassen del lei om dêr neaken mei kammeraden yn de sinne te lizzen barste de bom en kamen de 600 ynwenners fan Den Andel yn aksje, wêrmei't it doarp lannelik it nijs helle.[2][3]
De skerpe kanten fan de tsjinstellings ferdwûnen yn de rin fan de tiid mei't ek de nije bewenners harren wat mear oanpasten, mar it doarp soe nea wer wurde sa't it west hie.
Jier | 1859 | 1869 | 1879 | 1889 | 1899 | 1909 | 1920 | 1930 | 1947 | 1971 | 1995 | 2001 | 2006 | 2010 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwennertal | 574 | 599 | 559 | 654 | 718 | 814 | 670 | 636 | 645 | 540 | 480 | 450 | 400 | 420 | 465 |
Yn it earste fearn fan de 13e iuw waard de romanogoaytske tsjerke boud, de toer folge yn de 14e iuw. As ien fan de earste tsjerken fan Grinslân krige de tsjerke in stiennen ferwulft. Yn de tsjerke stiet in oargel út 1879 fan Van Oeckelen. De klok yn de toer waard yn 1653 getten. De eklektyske pastory njonken de tsjerke datearret fan 1886.
Yn 1926 waard oan de Oosterweg in gebou foar herfoarme evangelisaasje boud, dy't yn 1942 oernommen waard troch de grifformearde tsjerke. De grifformearde tsjerke waard yn 1988 sletten en is ferboud ta wenning.
Eartiids hie it doarp twa basisskoallen: in iepenbiere en in grifformearde skoalle. Yn de jierren 1990 waard de grifformearde basisskoalle sletten. Yn 2015 ferlear it doarp ek de iepenbiere basisskoalle, sadat it doarp gjin skoalle mear hat.[4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ek ûnder: References, op dizze side
|