|
Den Oever is in doarp yn de gemeente Hollâns Kroan yn de kop fan de provinsje Noard-Hollân.
It doarp leit oan de Ofslútdyk op it eardere Waadeilân en de eardere gemeente Wieringen noardlik fan de Wieringermar.
Den Oever is nei Hippolytushoef it grutste doarp fan it eardere eilân Wieringen. Yn de tiid doe't de Waadsee ûntstie lei it gebiet allinne oer it easten oan iepen wetter. Nei't de Waadsee en Sudersee grutte iepen wetterflaktes foarmen wie Den Over heal waad heal iepen wetter. De wetterkant, dy't likernôch by Easterlân lei, ferskode yn 'e rin fan de 14e en 15e iuw stadichoan en sa ûnstiene nije plakjes, lykas Den Oever.
Troch de oanwaaks fan it plak en de haven yn de 20e iuw waard it âldere buorskip Ald-Gest yn it doarp opnommen. Tsjin it ein fan dy iuw groeide ek De Gest troch nijbou oan Den Oever fêst.
Tanksij de haven hat it doarp in soad horeka. It doarp hat lykwols gjin tsjerke. De 16e-iuwske Gasthûskapel wie om 1960 hinne brekfallich woarn en waard doe oerbrocht nei it Suderseemuseum fan Inkhûzen om dêr wer opboud te wurden.
Oan de râne is yn in modern gebou it 'Vinkinginformatiecentrum' (VIC) ûnderbrocht. De besikers komme yn it ynformaasjesintrum yn 'e kunde mei de iermidsiuwske skiednis, fral mei de Wytsings, dy't Wieringen yn de 9e iuw foar in skoft as útfalsbasis brûkten. In diel fan it museum giet oer de geology.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|