Denis Vasiljevitsj Davydov (Дени́с Васи́льевич Давы́дов); 27 july [datum Alde Styl 16 july] 1784 — 4 maaie [datum Alde Styl 22 april] 1839) wie in Russysk soldaat-dichter yn de Napoleontyske Oarloggen dy't in nij poëzij-sjenre útfûn, huzare-poëzij. Hy wie ek bekend om syn bravoer en hedonistyske libbenwize — feitlik yllustrearre er dêrmei syn eigen wurk.
Davydov waard berne yn in aadlike famylje en kaam yn 1801 by de Garde-kavalery fan it Keizerlike Russysk Leger. Hy die mei oan fjildtochten yn Dútslân, oan de Donau en yn Sweden. Yn 1812 hie de lieding oer in partizanenkorps dat stride tsjin Napoleon. Yn 1814 waard er kommandant fan in huzarekorps ûnder generaal Blücher; yn 1815 waard er befoardere ta generaal-majoar. Yn de tweintiger jierren hat er noch yn Perzje en yn 1831 yn Poalen fjochte, wêrnei't er befoardere waard ta generaal-luitenant.
Davydov stoar yn 1839 op syn bûtenpleats by Moskou, yn it gûvernemint Simbirsk. Op syn grêf by it Nowodewitsjy-kleaster waard hy eare as “held yn de grutte heitelânske kriich fan 1812”.
Davydov skreau ferhalen mei in meast liberaal-politike strekking. Bekend binne ek syn militêre geskriften Oantinkens fan de slach by Prusyske Eilau en Proeve fan in teory fan de partizaneoarloch (1821). Tolstoj skynt dit wurk brûkt te hawwe by it skriuwen fan Oarloch en frede. Davydov stiet yn Tolstojs roman model foar de figuer fan Vasili Denisov.
Davydov waard fierders fral ek bekend troch syn poëzy, meast soldatelieten. It wurk hat temas as: moed op it slachfjild, huorkerij, wodka sûpe en de wearde fan wiere freonskip en besjongt domdryste dapperens, sawol yn de striid en foar de flesse oer. Letter wurk giet oer syn leafde foar in jong famke en binne mear hertstochlik-sentimenteel. Davydovs poëzy falt op troch in fjurrige en ritmyske diksje.
Davydov's gedichten lêze as it deiboek fan in huzaar en bon-vivant dy't er wie. Belinski hie syn wurk heech fanwege de natuerlikens en it 'typysk Russyske' en Poesjkin neamde him in wichtich foarbyld dy't him it paad nei orzjnaliteit wiisd hat [1]
Yn 1848 ferskynde syn samle wurk yn Sint-Petersburch en yn 1872 ferskynden postúm syn Memoires.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|