Departemint Fryslân Departement Frise | |
---|---|
1801-1814 | |
flagge | wapen |
geografyske lokaasje | |
Departemint Fryslân (Frise) | |
polityk | |
lân | Bataafsk Mienebest (1801-1806) Keninkryk Hollân (1806-1810) Earste Frânske Keizerryk (1810-1814) |
haadstêd | Ljouwert |
talen | Frysk, Nederlânsk, Nedersaksysk, Frânsk (offisjeel 1810-1814) |
foarm | Departemint fan it Bataafsk Mienebest (1801-1806) Departemint fan it Keninkryk Hollân (1806-1810) Departemint fan Frankryk (1810-1814) |
ûntstien út | Departemint fan de Iems Departemint fan de Alde Isel |
opgien yn | Provinsje Fryslân |
no diel fan | Provinsje Fryslân |
sifers | |
ynwennertal | 175.000 (1812) |
befolkingstichtens | |
oerflak |
Departemint Fryslân bestie fan 1801 oant 1814, en wol yn trije ferskillende, opienfolgjende gedaanten.
Neidat it âlde Fryslân yn 1798, by de oprjochting fan de Bataafske Republyk, ferdield waard oer de Bataafske departeminten fan de Iems en de Alde Isel, kearde men yn 1801 werom nei it departemint Fryslân op it gebiet fan de âlde (en hjoeddeiske) provinsje. De Frije Hearlikheid It Amelân, dat winliken nea part fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen wie, waard by Fryslân foege.
Dêrnei wie it fan 1806 oant 1810 in departemint fan it Keninkryk Hollân ûnder lândrost Regnerus Livius fan Andringa de Kempenaer (8 maaie 1807 – 13 desimber 1810).
Yn 1810, by de anneksaasje fan "Hollân", waard it in Frânsk departemint ûnder de namme Friesland of Frise ûnder préfet Johan Verstolk van Soelen.
Yn 1814, by de delgong fan Napoleon, waard it mei de Grûnwet fan 29 maart 1814 de provinsje Fryslân, earst as part fan it Soeverein foarstedom fan de Feriene Nederlannen en in jier letter fan it Feriene Keninkryk fan de Nederlannen.
De haadstêd wie altyd Ljouwert. Yn de Frânske tiid waard it departemint yndield yn de folgjende arrondisseminten en kantons:
Departeminten fan it Bataafsk Mienebest | ||
---|---|---|
Bataafsk-Brabân • Departemint Fryslân • Departemint Gelderlân • Departemint Hollân • Departemint Oerisel • Departemint Seelân • Departemint Stêd en Lannen fan Grinslân • Departemint Utert | ||
· · |
Departeminten fan it Keninkryk Hollân | ||
---|---|---|
Amstellân • Brabân • Drinte • East-Fryslân • Gelderlân • Grinslân • Fryslân • Maaslân • Oerisel • Seelân • Utert | ||
· · |