Departemint Westeriems

Departemint Westeriems (Ems-Occidental) rjochtsboppe yn 't rôze, 1810-1814

Westeriems, Wester Iems (Frânske namme: Ems-Occidental, yn it Dútsk West-Ems), wie de namme fan in Frânsk departemint yn de Nederlannen yn de tiid fan it Earste Frânske Keizerryk. It wie neamd nei de westlike mûning fan de rivier de Iems, de Westeriems. It waard nei de anneksaasje fan it Keninkryk Hollân op 9 july 1810 foarme op 1 jannewaris 1811 troch it gearfoegjen fan de âlde "Hollânske" departeminten Grins en Drinte, wêrby ek it Dútske part fan it Reiderlân foege waard.

De haadstêd wie Grins. It departemint wie yndield yn de folgjende arrondisseminten en kantons:

Nei't Napoleon yn 1814 ferslein waard, waarden út it departemint fannijs twa provinsjes fan it Feriene Keninkryk fan de Nederlannen foarme, útsein it kanton Jemgum en it grutste diel fan it kanton Weener, dy't by it Keninkryk Hannover kamen (no Nedersaksen).