Deptford | ||
Deptford High Street | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Regio | Londen | |
Ser. greefskip | Grut Londen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | (2008) | |
Oar | ||
Tiidsône | GMT (UTC+0) | |
Simmertiid | (UTC+1) |
Deptford is in wyk yn de Londenske bestjoerlike krite Lewisham op de súdigge fan de Teems, yn de regio Grut-Londen.
Deptford waard neamd nei in furde yn de rivier de Ravensbourne. Fan mids 16e- oant de lette 19e iuw wiene dêr de havens en dokken fan Deptford (Deptford Dockyard), de earsten fan de Ingelske marine (Royal Navy).
Deptford wurdt yn it generaal yn ferbân brocht mei it adeljen fan Sir Francis Drake troch Keninginne Elisabeth I,[1], Kaptein James Cook syn tredde reis mei Resolution,[2] en de geheimsinnige moard op Christopher Marlowe yn in hûs oan de Deptford Strand.
Deptford bestie yn it earstoan út twa lytse delsetingen, ien oan de furde, it oare in fiskersdoarpke oan de Teems, mar Deptford waard earst fan belang by de bou fan de dokken fanwege kening Hindrik VIII.
De twa mienskippen groeiden oan elkoar en kamen ta bloei wylst de docks har ûntjoech ta it wichtich bestjoerssintrum fan de Royal Navy, en in tal grutte huzen waarden dêr set, sa as dy fan deiboekskriuwer John Evelyn, Sayes Court. Neidat de Royal Navy fuort gie en it sadwaande mei havens en dokken minder gie, rekke de krite yn it delgean. It lêste dok, Convoys Wharf, gie ticht yn 2000.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|