Doldersum is in lyts esdoarp yn it súdwesten fan de Drinte. It mei dan miskyn it lytste, mar mooglik ek it âldste doarp wêze fan de eardere gemeente Vledder, no diel útmeitsjend fan de gemeente Westerfjild yn Súdwest-Drinte. It doarp hat in lytse 70 ynwenners. Net fier fan Doldersum lizze twa grêfhichtes út de lette Stien- of Izertiid dy't yn de folksmûle de 'majoar' en de 'generaal' neamd wurde.
Doldersum leit fjouwer kilometer noardeastlik fan it folle gruttere Vledder. Om de brink stean in tsiental pleatsen, in kafee restaurant mei in camping en in 'Boekehotel'. Foar de oare foarsjennings as winkels, doarpshûs, ûnderwiis en postkantoar binne de Doldersummers oanwiisd op Vledder.
It doarp leit oan it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld. De Vledder Aa, de beek by Doldersum en it Doldersummer Fjild, in heideterrein yn behear by Stifting Drintsk Lânskip, binne ûnderdiel fan dat park. De bopperin fan de Vledder Aa is yn de jierren 2002 en 2003 opnij ynrjochte. De yn it begjin fan de jierren sechtich kanalisearre beek hat syn âlde rin wer weromkrigen. De rike boppegrûn is ôfseadde. No moat de natoer yn it terrein tusken Doldersum en Wateren him wer ûntwikkelje.